Planburo: úttocht boeren út Brabân, Gelderlân en Oerisel

july 5, 2021 09:18

In fierdere oanskerping fan de stikstof- en klimaatregels sil neffens it Planburo foar de Leefomjouwing (PLB) betsjutte dat op guon plakken amper mear lânbou bedreaun wurde kin. Yn in advys oan in folgjend kabinet warskôget it PBL foar “fiergeande konsekwinsjes foar grutte parten fan de lânbousektor”.

PBL yn De Haach (foto: Wikipedia/OSeveno – CC BY-SA 3.0)

It PBL neamt de provinsjes Gelderlân, Brabân en Oerisel dêr’t duorsume foarmen fan lânbou te folle stikstof útstjitte sille om tastien wurde te kinnen. It advysorgaan riedt it nije kabinet dêrom oan dat it him net blyn stoarje moat op strangere stikstofregels. It pleitet foar mear regionaal maatwurk.

Neffens de begjin maart troch de Twadde Keamer oannommen wet moat de stikstofútstjit de kommende jierren yn stappen ôfboud wurde. Der wurde ek mear maatregels nommen om de natuer te beskermjen. It planburo konkludearret dat de hjoeddeiske stikstofoanpak net genôch rjochte is op de plakken dêr’t de  natuer der it minst oan ta is, lykas de heechfeangebieten yn it easten en suden fan Nederlân. Troch samar stikstofmaatregels te nimmen, kin it wêze dat de natuerkwaliteit dêr dochs minder wurdt.

It PBL sjocht leaver dat op koarte termyn prioriteit jûn wurdt oan gebieten dêr’t slim fier oer de stikstofregels hinne gien wurdt en de natuerkwaliteit efterút giet. Der moat dan net inkeld nei stikstof sjoen wurde, mar ek nei bygelyks wetterkwaliteit en de ynrjochting fan natuergebieten. Neffens it PBL biede Europeeske regels dêr romte foar.

july 5, 2021 09:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.