Pjutten ûntwikkelje har op simmerskoalle Kids First
Resint ferskynd
De earste trije wike fan de simmerfakânsje iepenet Kids First de doarren fan syn simmerskoalle. Bern fan twa oant fjouwer jier binne wolkom om boartsjendewei te learen, oare bern te moetsjen en wille te hawwen mei de ferskate aktiviteiten.
Op ’e simmerskoalle, ek wol bekend as de pjuttefakânsjewiken, biedt berne-opfangorganisaasje Kids First COP-groep in passend oanbod yn de ûntjouwing fan pjutten. Boartsjendewei kinne de bern har yn ’e simmer ûntwikkelje, sadat in goede tarieding op ’e basisskoalle bestean bliuwt.
“By Kids First fine wy it wichtich yn te setten op it ûntwikkeljen en stimulearjen fan taal by pjutten. Dêrom biede wy foar- en ierskoalske edukaasje (VVE) oan op ús lokaasjes, foar pjutten mei in yndikaasje”, fertelt Esther Ottens, kommunikaasjeadviseur by Kids First. Hja ferfolget: “Slút de reguliere pjutte-opfang yn ’e simmerfakânsje, pjutten mei in VVE-yndikaasje binne de earste trije wike fergees wolkom op lokaasjes yn Fryslân en Grinslân. Mei in spesjaal simmerprogramma wurdt û.o. de taalfeardigens boartsjendewei stimulearre.”
Kids First biedt yn de simmerfakânsje al jierren pjutte-opfang oan. “Alle jierren binne dy wiken in grut sukses. Sa binne der yn Grinslân aktiviteiten yn it ramt fan ‘superhelden’, mei in knypeach nei de soarch yn koroanatiden. En yn Fryslân steane de ‘kribelbistkes’ sintraal”, fertelt Ottens. “Der binne prachtige aktiviteiteprogramma’s ûntwikkele troch de pedagogysk meiwurkers yn gearwurking mei de VVE-coaches. De âlden wurde dêr ek yn behelle.”
De pjutten yn Grinslân sille û.o. harren eigen plysjepet nifelje, auto’s fan soarchferlieners lykas sikeauto’s en brânwachtauto’s telle en der dan oer sjonge. Yn Fryslân steane û.o. beweechspullen sintraal lykas ‘fleane as in flinter en krûpe as in slak´. “Sa komme wy temjitte oan it ferlet oan beweging en it ûntwikkeljen fan motoaryske feardigens. Dêrneist wurde de kribelbistkes ynspektearre troch middel fan ljochtbakken en fergrutglêzen. Al mei al genôch te belibjen, wat it learen ek aardich makket!”
De foardielen fan de pjuttefakânsjewiken op in rychje:
– Pjutten bliuwe kognityf op nivo;
– De deistige struktuer wurdt fuortset;
– Nei de simmerfakânsje hoege pjutten net lang te wennen;
– Kânsrike ynstreaming yn it basisûnderwiis;
– Tiid foar ûntspanning en wille.
Ein dizze wike wurde de pjuttefakânsjewiken feestlik op lokaasje ôfsletten.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje