Pier Bergsma: Tiid foar kneppels yn ús ‘global goals gemeente’

july 8, 2021 14:00

Kollum

Stedskantoar Ljouwert (foto: Wikipedia/Jean Housen – CC BY-SA 4.0)

Yn 2017 en 2018 hie de Ried fan de Fryske Beweging in sit yn de wurkgroep Taalbelied Ljouwert. Fansels wiene de Afûk en it EBLT (it Europeesk Buro Lytse Talen yn Ljouwert) derby belutsen. Wy hawwe der in grut tal kearen foar byinoar sitten en besocht om ferstannige dingen te sizzen en op papier te krijen. Onno Falkena, ien fan de leden fan de wurkgroep, skreau der op 18 septimber 2018 oer yn de Leeuwarder Courant. Dy sette der as kop boppe: ‘Meager taalbelied past Ljouwert net’.

It stik fan Falkena begûn sa: “De gemeenteried fan Ljouwert bûcht him moarn oer de nije taalnota Frysk. Yn it jier fan iepen mienskip en Lân fan Taal ropt sa’n nota ferwachtings op. Wurdt de gemeente Ljouwert/Leeuwarden no echt meartalich lykas Caerdydd/Cardiff (Wales), Gasteiz/Vitoria (Baskelân) of Bozen/Bolzano (Súdtirol)? Dat falt ôf. Yn it stik steane gjin konkrete foarstellen om gemeentlike organisaasje of strjitbyld meartaliger te meitsjen. Noch sterker; mei in budzjet fan 0 en in beskreaune formaasje fan 0,1 is der ek gjin jild of minskkrêft om echt wat te dwaan foar it Frysk. En dat wylst de gemeente hjoeddedei njonken de Fryske haadstêd sa’n 35 foar in grut part Frysktalige doarpen telt en dêrmei ek folle mear Frysktalige ynwenners krigen hat.’’

Moandeitemiddei 28 juny l.l. bin ik it ‘Gemeentehuis’ ynrûn, oan de kant fan de Aldehou. Ik wie nijsgjirrich om te sjen oft der no, nei mear as twa jier wat yn de Fryske taal te sjen of te lêzen is. Neat dus. Ja dochs. Boppe de yngong stiet net allinne ‘Welkom’ mar ek ‘Wolkom’. Soks kin helpe. Ik tink dat ús oerlis mei de Gemeenteried dus fertuten dien hat. Wa’t de ynternetside fan de gemeente iepenet, fynt neat yn it Frysk. Rjochts boppe-oan stiet ‘Global goals gemeente’. Ik kin my yntinke dat se it al drok genôch hawwe mei de global goals om ek noch tiid te finen foar soks ûnnoazels as it Frysk.

Wat moatte wy mei soks nei al dy praterij. Saterdeitemiddei 27 novimber o.s. wurdt de jierlikse Fedde Schurelêzing holden, mei dizze kear as tema ’70 jier nei Kneppelfreed’. Dy gearkomste sil sa’t it no liket yn De Koperen Tuin holden wurde kinne. Heechlearaar Sigrid Hemels komt te sprekken oer wetlike rjochten, âld-Tresoardirekteur Bert Looper oer keunst en kultuer nei 16 novimber 1951 en skriuwer en sjoernalist Abe de Vries komt mei in krityske bydrage oer 70 jier Kneppelfreed. Mear ynformaasje folget. De ‘kaartferkeap’ wurdt lykas yn 2019 organisearre troch de Leeuwarder Courant.

Ik soe it leafst sjen dat it provinsjaal bestjoer of it regear yn Den Haag dizze gearkomste ferbiede soe, leafst mei in soad plysje, de ME, in wetterkanon en hûnen mei skerpe tosken. Dat soe geunstich wêze foar ús Fryske taal. Dat sit der spitigernôch net yn. It sil in rêstige gearkomste wurde. Jo binne wolkom en ook onze hoofdstad Leeuwarden heet u van harte welkom.

Pier Bergsma is foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging.
july 8, 2021 14:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe july 8, 16:16

    Kwa kneppels smite, begjin ris mei it triumviraat dat de nije ,,Dichter fan Fryslân” foardrage mei. Learares Nederlânsk, Nederlânsktalige performer, en immen dy’t earder al pleite foar in Nederlânsktalige DfF. Oansocht troch Poepjes. De deputearre dy’t inkeld mar it bêste wol foar it Frysk.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.