Peter R. de Vries ferstoarn

july 16, 2021 09:16

Peter R. de Vries yn 2017 (foto: Wikipedia/DWDD – CC BY 3.0)

Misdiedferslachjouwer Peter R. de Vries is in goed wike nei de oanslach fan ferline wike tiisdei ferstoarn. Dat hat syn famylje bekendmakke yn in ferklearring dy’t RTL Nijs publisearre hat. Hy is tongersdei yn it bywêzen fan syn famyljeleden stoarn. De Vries wie 64 jier.

De sjoernalist waad op 6 july om 19.30 oere hinne ûnder fjoer nommen yn de Lange Leidsedwarsstraat yn Amsterdam. Dêrby waard er yn ’e holle rekke. De moardoanslach wie net fier fan de studio fan telefyzjeprogramma RTL Boulevard, dêr’t er dy jûns as deskundige te gast west hie.

Nei de oanslach waarden twa manlju oanholden op de A4 by Leidschendam. Freed waard kediisd dat sy langer yn foararrest bliuwe.

Lês ek: www.itnijs.frl/2021/07/rjochtbank-sjocht-hjoed-twa-fertochten-fan-delsjitten-peter-r-de-vries;
en: www.itnijs.frl/2021/07/sjoernalist-peter-r-de-vries-delsketten-fertochte-oppakt.

july 16, 2021 09:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.