Opnij rekôrtal ynstjoeringen NTR Podcastpriis

july 13, 2021 07:06

Ut in rekôrtal fan 66 ynstjoeringen binne de kânsmakkers foar de NTR Podcastpriis 2021 bekendmakke. De oanmoedigingspriis foar jonge podcastmakkers út Nederlân en Flaanderen wurdt 5 septimber útrikt.

Ofbylding: NTR

De nominearre programma’s binne te beharkjen yn it podcastkanaal fan de NTR Podcastpriis, yn alle grutte podcastapps en op Soundcloud. Fiif fan de nominaasjes komme út Flaanderen en fiif út Nederlân. Opfallend is it tal fiksjepodcasts dat ynstjoerd waard. Fan de nominearre podcasts binne der fjouwer fiksje en seis dokumintêr-fertellend.

Prizen
In ûnôfhinklike faksjuery kediist oer hokker fan de nominaasjes de earste en twadde priis yn ’e wacht slepe. De prizen wurde op 5 septimber útrikt.

Online harkje
Alle nominearre podcasts en fraachpetearen mei de makkers binne te beharkjen yn de grutte podcastapps en op de Soundcloudside fan de NTR Podcastpriis. Alle ynformaasje oer de NTR Podcastpriis is te finen op ntr.nl/podcastprijs.

Dit binne de nominearre ynstjoeringen foar de NTR Podcastpriis 2021
– Achille van Ingelgem, RITCS, Goud aan zee;
– Evelyne Roorda, selsstannich podcastmakker, Sinistories, ôflevering ‘Expeditie Aquamars 1 en 2’;
– Mik Grosheide, Creative Business, Hegeskoalle fan Amsterdam, minor radio, De Beer en de Leeuw;
– Feline Franceus, RITCS Brussel, Niet aangeboren hersenaandoening (NAH);
– Mirte Mook en Emma Fahner, Creative Business, Hegeskoalle Saxion, Ynskedee, Dertien Mei;
– Koen Thomassen, selsstannich podcastmakker, De zaak Astronaut, ôflevering 1;
– Rinus van Eygen, RITCS Brussel, Mamy Blue;
– Samuel Verschoor, Fontys Skoalle foar Sjoernalistyk, Tilburch, Antifa;
– Joppe Peeters, RITCS, Brussel, Ramu, de walvisvaarder;
– Ella Meekels, RITCS, Brussel, Een in de lucht.

july 13, 2021 07:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.