Ofskied oargel Sudertsjerke Snits

july 13, 2021 06:51

Oargel Sudertsjerke Snits, foto © Michiel van ’t Einde

Yn 2022 wurdt de Sudertsjerke fan Snits ferkocht. Op fersyk fan it kolleezje fan tsjerkrintmasters fan de Protestantske Gemeente Snits hat Folkert Binnema foar it Proper-/Reil-oargel in nije bestimming socht. Nei in lange syktocht is dy fûn: it oargel wurdt skonken oan de âldkatolike parochy fan Lodz (Poalen).

Sneintejûn 18 july wurdt om 19.30 oere yn de Sudertsjerke ôfskied fan it oargel nommen. In groep út Lodz is dêr ek by. Folkert Binnema (al mear as tritich jier oargelist fan de Sudertsjerke) jout dan in koarte demonstraasje fan it oargel mei bewurkingen fan lieten út it Liedboek-2013/Lieteboek-2015 (*) en koarte stikjes út in achttjinde-iuwsk Poalsk klavierboek.

Neidat de akte fan oerdracht tekene is, wurdt in muzikaal jûnsgebed holden. Dêr wurdt by songen troch Snitser en Poalske foarsjongers en (no’t dat wer mei) troch elkenien. Oargelleafhawwers binne fan herten wolkom. Foarôf oanmelde is wol nedich. Dat kin fia  bureau@pknsneek.nl of fia Folkert Binnema (telefoan 0515-414182; evt. ynsprekke).

De deis dêrnei wurdt it oargel mei assistinsje fan de groep Poalen ôfbrutsen en ynpakt ûnder lieding fan in meiwurker fan Oargelmakkerij Reil út Heerde, dy’t it oargel jierren yn ûnderhâld hie.

(*) De oargelbewurkingen fan Folkert Binnema sille meikoarten útkomme.
Foto thússide: Sudertsjerke Snits, boarne Wikimdedia Commons (CC BIJ-SA 4.0)
july 13, 2021 06:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.