Oant no ta miljoen euro foar Limburch ophelle op Giro 777

july 17, 2021 10:32

Yn ien dei tiid is mear as ien miljoen euro ophelle foar Limburch op Giro 777, berjochtet parseburo ANP. Mear as 20.000 minsken hawwe jild donearre.

Foto: pixabay.com

It Nasjonaal Rampefûns hat Giro 777 iepensteld foar minsken dy’t jild jaan wolle foar help oan de slachtoffers fan de wetteroerlêst yn Limburch. “Wy binne oerweldige troch de enoarme stipe dy’t der libbet en de reewilligens fan Nederlanners om by te dragen oan it ferlichtsjen fan de need yn de troffen gebieten yn Limburch”, seit foarsitter Clémence Ross-van Dorp fan it Nasjonaal Rampefûns.

“De Limburchske stjoerder L1 hat juster wiidweidich omtinken frege foar de aksje en hjoed stiet Radio 2 yn it teken fan Giro 777. Donateurs litte op sosjale media witte dat se bydroegen hawwe en roppe oaren ek dêrta op. Dat is prachtich om te sjen.”

De lêste kear dat Giro 777 iepene waard, wie nei de fjoerwurkramp yn Ynskedee yn 2000.

july 17, 2021 10:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.