Nostalgyske Boereheadei, snein 18 july

july 16, 2021 12:55

Op 5 july gie de boeredei om it waar net troch. No hat De Wolff hea makke fan de twadde sneed en liket it waar foar kommende snein goed.

Mei oldtimer-trekkerkes, dito meanmasinen, heaskodders, swylmasinen, heaparsen, heaharken en ‑foarken, hearuters, en noch mear boere-ark sil in hiele ploech boeren en ‘buitenlui’ wer ûngetiidzje sa’t dat fyftich jier lyn barde. Der wurdt skodde-mei-it-hynder, meand mei in trekkerke, hea swile mei autentike âlde masinen, der wurde wurdzen makke, hea yn ’e bult en op ruters set, de heaparsen meitsje pakjes, de heaweinen wurde fol foarke en opladen, folle net genôch!

Teedrinke mei de boeren op it fjld heart der fansels ek by! In ritsje mei trekker en wein nei de fûgeldobbe kin ek.

It sil barre op it fûgeltsjelân fan Titus de Wolff tusken Flânsum en Raerd.

Snein, 18 july is it safier. Om 2 oere geane de manlju en froulju los!

Alde tiden komme opnij ta libben! Wa’t it sjen en belibje wol is fan herten wolkom. Tagong en parkearjen binne fergees. Foar auto’s en fytsen is genôch plak op it lân, dat dy hoge net yn de berm.

july 16, 2021 12:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.