‘Noas tsjin ’t glês’ is de nije dichtbondel fan Edwin de Groot

july 16, 2021 09:04

By de Afûk is Noas tsjin ’t glês, de nije dichtbondel fan Edwin de Groot (1963, It Hearrenfean) útkommen. De dichter sjocht nei bûten, nei binnen, nei himsels en somtiden sjocht er ek neat. De bondel set útein mei it gedicht ‘Oanreitsje’: 

Boarne: Afûk

De wrâld hoecht net ûnbekladde, in bytsje goed fallend 
soe al noflik wêze en troaikjend 
ast him oanreitsje kinst 

Edwin de Groot ferstiet de keunst om alderhande ûnderwerpen dy’t op syn wei komme yn bysûndere taal om te setten. Dat kinne persoanlike tema’s wêze, lykas it ferstjerren fan in broer dy’t ‘as in Ingelske wals (./..) út doarp en sicht ferdwynt’, mar ek maatskiplike ûntjouwingen. Alles sil op in stuit ferdwine, dat is wol wis, mar ûnferskilligens hoecht gjin rom paad.

Edwin de Groot (1963) wûn al faker as ien kear in Rely Jorritsma-priis foar syn poëzy. Earder publisearre er de dichtbondels Ik skip (2009), Tongfal (2010) en de twatalige bondel In hazze is in lokkich bern/Een haas een gelukkig kind (2013). Yn 2016 kaam de bondel Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see út. De Groot skriuwt net allinnich yn it Frysk, hy publisearret ek gedichten yn Nederlânske en Flaamske literêre tydskriften.

Boekgegevens 
Noas tsjin ’t glês | Auteur: Edwin de Groot | Utfiering: paperback | ISBN: 978 949 315 965 5 | Tal siden: 78 | Ferkeappriis: € 17,50 | www.afuk.frl

july 16, 2021 09:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.