No eksklusyf te keap: 11fountains Fryske oranjekoeken
Resint ferskynd
It keunstprojekt fan de alve fonteinen soarget sûnt Ljouwert-Fryslân 2018 foar in ekstra ferbining tusken de alve kultuerhistoaryske stêden fan Fryslân. No soargje de fonteinen opnij foar in konneksje mei de provinsje. Merk Fryslân is mei seis Fryske gemeenten en regiomarketingorganisaasjes de gearwurking oangien mei Fryske bakkers om de fonteinen oan in besteand Frysk produkt te keppeljen. Dêrby is foar de Fryske oranjekoeke keazen.
Alve fonteinen en Fryske ûndernimmers
Tsien Fryske bakkers regearren entûsjast op it inisjatyf en hawwe de eksklusive oranjekoeken yn harren assortimint opnommen. Fan no ôf is by in oantal bakkers in Fryske oranjekoeke te finen mei dêrop ien of ferskate fan de alve fonteinen mei fondant, marsepyn en/of sûkelaadsjes. It snobbersguon is by de folgjende bakkers te keap: Van der Kloet yn Frjentsjer en Bilgaard en Wagner yn Ljouwert, Banketbakkerij Salverda yn Ljouwert, Bakkerij Elsinga yn Harns, Bakkerij van de Werf yn Boalsert en Warkum, De Boer’s Bakkerij yn Drylts, Breimer’s Bakkerij yn Snits en de Echte Bakker Eddy de Jong yn Dokkum.
Op syk nei mear ynformaasje oer de alve fonteinen en de 11fountains Fryske oranjekoeken? Sjoch dan op www.friesland.nl/11fountains of www.11fountains.nl.
Besjoch in filmke:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje