Nij subsydzje foar ynnovative Fryske boeren

july 1, 2021 07:00 Fernijd

Foto © Provinsje Fryslân

Fan 5 july 2021 ôf kinne wer subsydzjes oanfrege wurde foar ynnovative projekten dy’t bydrage oan it duorsumer meitsjen fan de Fryske lânbou. De regeling past by it konsept foar de Fryske Lânbou-aginda dy’t op 19 maaie oan it publyk presintearre is. Fryske boeren kinne yn it ramt fan it Plattelânsûntwikkelingsprogramma (POP3+) sa harren eigen ûndernimming fuortsterkje en ûntwikkelje. Sy drage sa ek by oan de fiifde, griene stjer fan de Fryske lânbou.

Takomstperspektyf plattelân
De Fryske Lânbou-aginda stribbet nei in nij takomstperspektyf foar ús mienskip, dêr’t boeren in wichtige rol yn spylje. It subsydzje hat as doel om boeren en harren fertsjintwurdigers te stimulearjen ynnovaasjeprojekten út te fieren foar ien of mear fan de neikommende tema’s: nije fertsjinnersmodellen, it behear fan produksjerisiko’s, it sluten fan sirkulêre ferbannen, klimaatmitigaasje, klimaatadaptaasje, bistewolwêzen, it fuortsterkjen fan bioferskaat, boaiemkwaliteit en omjouwing. Dêr kin bygelyks by tocht wurde oan nije aaiwyttylten, produksjemetoaden foar it feangreidegebiet of foar de befoardering fan bioferskaat. It subsydzje kin beskikber steld wurde oan in gearwurkingsferbân dat op syn minst út ien boer bestiet of in organisaasje dy’t boeren fertsjintwurdiget.

Deputearre Lânbou Klaas Fokkinga: “Om de fiifde griene stjer helje te kinnen, is ynnovaasje fan grut belang. De konsept-lânbouaginda sketst de aksjes dy’t gong efter dy stap sette kinne. Ynnovaasje is dêr in driuwende krêft efter. Mei dizze finansjele stipe hoopje wy nije projekten mooglik te meitsjen. Fryske boeren wurde fan herten útnûge om dêr gebrûk fan te meitsjen.”

De subsydzjes kinne fan 5 july 2021 oant en mei 7 oktober 2021 oanfrege wurde, fia it Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN): https://www.snn.nl/landbouw/samenwerking-voor-innovaties-fryslan-2021 It minimumbedrach de oanfraach is 150.000 euro. It hiele budzjet foar de subsydzjes is 1.000.000 euro.

july 1, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.