Nij printeboek fan Mirjam van Houten
Resint ferskynd
By de Afûk is ferskynd it nije berneboek By beppe útfanhûs skreaun én yllustrearre troch Mirjam van Houten fan De Himrik (1977, Beetstersweach).
Mem moat fuort en Maaike sil by beppe útfanhûs. Beppe fynt fan alles út, mar wat letter it wurdt, wat mear Maaike har mem mist. Beppe wit ried, mar no kin beppe sels net mear sliepe……
Mirjam van Houten debutearre yn 2016 mei Tije, in boek foar bern fan sân jier ôf. Dat boek waard yn 2018 foardroegen foar de IBBY Honour List, in twajierlikse ynternasjonale list mei berne- en jeugdboeken. Tije waard ek nominearre foar de Simke Kloostermanpriis én is yn it Faeröersk oerset.
Boekgegevens
By beppe útfanhûs | Auteur: Mirjam van Houten | Utfiering: hurd kaft | ISBN: 978 949 315 9686 | Ferkeappriis: € 14,95 | www.afuk.frl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje