Netflix wreidet út mei spultsjes

july 22, 2021 08:42 Fernijd

Streamingtsjinst Netflix ferwachtet dat de groei fan it tal abonnees de kommende tiid fertraget no’t wrâldwiid in protte koroanamaatregels ferromme wurde en ek de konkurrinsje fan oare streamingtsjinsten tanimt. Dat waard dúdlik by de presintaasje fan de fearnsjiersifers fan it bedriuw.

Foto: pixabay.com

Tusken april en juny dit jier kamen der oardel miljoen Netflix-abonnees by, en dêrmei komt it totaal wrâldwiid op 209 miljoen. Om wer oantrekliker foar brûkers te wurden, sil Netflix neist films en searjes ek spultsjes oanbiede, sûnder ekstra kosten foar abonnees. Wannear’t de earste spultsjes ferskine, is noch net bekendmakke.

Ynearsten rjochtet Netflix him op mobile spultsjes, mei de bedoeling om letter ek út te wreidzjen nei ûnder mear spulkompjûters. Operasjoneel direkteur Greg Peters fan Netflix seit dat de earste titels te krijen hawwe sille mei populêre films en searjes dy’t al op Netflix stean of ferskine. Letter folgje mooglik losse spultsjes. Netflix kin op in beskaat momint ek searjes of films meitsje dy’t ynspirearre binne troch de eigen spultsjes.

july 22, 2021 08:42 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.