Needklok: beskermje Waad foar ekonomysk gewin
Resint ferskynd

Skylge. Foto Provinsje Fryslân
Fan winning fan gas en sâlt oant kabels fan wynmûneparken, de natuer en de ekology fan it Waad stiet op dit stuit swier ûnder druk. Der binne al in soad aktiviteiten yn en om it Waad, dêr’t al in protte noed oer is. Mar dêrmei is it noch net dien. Der steane nije aktiviteiten yn dit moaie, kwetsbere stikje Nederlân op komst. Provinsje Fryslân liedt de needklok en freget aksje fan bestjoerlik De Haach.
In driigjende, nije gaswinning boppe Skiermûntseach en by Ternaard ûnder de Waadsee, sâltwinning by Harns en wynmûneparken op see dy’t mei kabels ekologysk en maatskiplike problemen feroarsaakje op lân en op see. Dy projekten trochkruse kwetsber natuergebiet en ûndermine dêrnjonken it maatskiplik draachflak foar produksje fan duorsume enerzjy. Dit kin net de nije werklikheid wurde as it oan provinsje Fryslân leit.
Dêr wiisde it Omgevingsberaad Waddengebied de minister earder ek al op. It is tiid om it wrâlderfgoed op it earste plak te setten. Aktiviteiten binne dêr net winske as dy skealik binne of bliuwende skea yn it gebiet feroarsaakje.
Tiid foar in nije fyzje
“De wei nei in treflik klimaat kin allinnich mei respekt foar de omjouwing. It liket ús ferstannich om yn ien kear te kommen ta in ynpassing fan alle bedoelde wynmûneparken. Boppedat moat it dien wêze mei gas en sâltwinning yn dit skitterjende, mar ek ekologyske weardefolle gebiet. It is tiid foar in nije fyzje op dizze punten mei fansels de útfiering fan it klimaatakkoart yn it fizier”, neffens deputearre Sytske Poepjes.
Minister Blok hat in ferfolchûndersyk yn gong brocht om te sjen nei ynnovative techniken foar it oanlizzen fan (heechspannings)kabels en liedingen troch it Waad. Provinsje Fryslân hopet dat dat ûndersyk in earste stap is om it draachflak fan it klimaatakkoard en de enerzjytransysje troch nije wynparken yn it noarden fan it Waad in nij fûnemint te jaan.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje