NASA wol wer nei Fenus

july 9, 2021 08:41

NASA wol foar it earst yn tsientallen jierren wer nei Fenus. It Amerikaanske romtefeartagintskip hat tusken 2028 en 2030 twa nije missys plend nei de planeet dy’t it tichtst by de ierde stiet.

Foto: Wikipedia/NASA/Ricardo Nunes – publyk domein

De Amerikanen wolle ûnder mear de atmosfear fan Fenus bestudearje en útfine hoe’t dy ûntstien is. Dêrtroch moat ek dúdlik wurde oft der ea in oseaan op ’e planeet wie en oft der libben mooglik wie. In lytse sonde sil troch de atmosfear ôfsakje om de gassen deryn te ûndersykjen.

De twadde missy sil it oerflak fan de planeet yn kaart bringe en sjen oft der noch aktive fulkanen binne. Foar it earst wurde der hegeresolúsjefoto’s en in trijediminsjonale kaart fan de planeet makke.

Fenus is in helske wrâld. Oan it oerflak is de temperatuer sa’n 500 graden, de luchtdruk is tige heech en de atmosfear bestiet hast folslein út koalstofdiokside. De sonde dy’t ôfsakje sil, sil nei alle gedachten útfalle foar’t de tocht fan in oere dien is. Dochs hat Fenus der ea wierskynlik hielendal oars útsjoen. Mooglik wie de planeet sels bewenber, mei oseanen en in klimaat lykas op ierde. “De missys moatte oantoane hoe’t in planeet dy’t sa op dy fan ús like, yn in hel feroare”, skriuwt NASA. Dat kin neffens de romtefeartorganisaasje net allinnich wat oer it ûntstean fan planeten fertelle, mar ek oer klimaatferoaring op ierde.

NASA fleach yn 1962 foar it earst by Fenus lâns. De Sovjet-Uny fierde der yn 1970 mei sukses in lâning út. NASA’s lêste missy nei Fenus wie begjin njoggentiger jierren, doe’t de Magellan-sonde foar it earst it hiele oerflak fan de planeet yn kaart brocht. De Europeeske ESA brocht yn 2006 noch in romtereau yn in baan om Fenus.

Lês ek dit berjocht fan It Nijs fan 21 septimber 2020: Teken fan libben ûntdutsen yn wolken fan Fenus.

july 9, 2021 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.