Muzyknijs

july 10, 2021 21:08

Yn it neisimmernûmer fan tydskrift DE NIJE, mei as tema ‘muzyk’, stiet in artikel oer muzyknijs op ItNijs.frl. Hjirûnder is in webferzje fan it artikel opnaam, om maklik trochklikke te kinnen nei alle neamde stikken. Klik dêrfoar op de fetprinte blauwe titels.

Op de webside ItNijs.frl stiet yn it útklapmenu ûnder kultuer de kategory MUZYK, mei muzyknijs út de hiele wrâld en út soarte fan Fryske artysten, benammen as it om Frysktalich repertoire te rêden is. It grutste Frysktalige festival fan dit jier is dêr sels noch hieltyd te belibjen: 

Aaipop 2021 noch hieltyd mei te meitsjen

Mank alle neidielen bringt de koroanagoarre somtiden ek wat posityfs. Sa kinne minsken maklik yn de kunde komme mei Aaipop sûnder nei Nijlân, dêr’t ‘it grutste Frysktalige popfestival fan de wrâld’ plakhat, reizgje te hoegen. En hoecht dat net perfoarst op Peaskemoandei mar kin dat no ek noch, meidat de webútstjoering noch hieltyd yn al syn hear en fear besjoen en beharke wurde kin. 

Ornaris stiene der op It Nijs gauris oankundigingen fan optredens. Mar om de koroanagoarre koe der fansels lang net libbensliif optreden wurde. Fia Startside.frl is lykwols noch te genietsjen fan Frysktalige muzyk en is it lêste nijs te finen fan artysten en oer harren optredens – on- of offline – dy’t al wer plakhawwe: 

Alles oer Frysktalige muzyk oersichtlik byinoar op Startside.frl 

Nynke Laverman skildere troch Gerrit Breteler. Boarne: Wikipedy/Anke Bijlsma

Krekt as alle artysten hawwe sjongers fan Fryske lieten it dreech yn de koroanatiid. En krekt as oaren, besykje hja sichtber te bliuwen troch harren digitaal te oppenearjen. Startside.frl, in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging, besiket om harren dêr wat by te skewielen. Okkerdeis is dy poarte nei it Frysktalige part fan it wrâldwide web útwreide mei in oersjoch fan de foarnaamste artysten dy’t yn de Fryske taal sjonge. 

Under it kopke Muzyk is, nei it lêste muzyknijs fan It Nijs, in oersjoch fan dy sjongers, sjongeressen en groepen te finen en kin der maklik trochklikt wurde nei harren web- en facebooksiden, nei ynformaasje oer harren op de Wikipedy, nei Spotify en Muziekweb om de lieten te beharkjen en nei YouTube om dy te besjen. 

Sadwaande falt bygelyks te ûntdekken dat Piter Wilkens in nije cd én lp útjûn hat. En dat Nynke Laverman de útjefte fan har nije maatskippijkrityske album stadichoan yn tiid fan in jier útjout en oan elk liet nijsgjirrige fraachpetearen oer it tema derfan taheakket. Of besjoch in oardelmeterferzje fan it slotkoraal út it requiem ‘Oer de seedyk’ fan multytalint Gerrit Breteler, bedoeld as treast yn barre koroanatiden. Dat en noch folle mear is te finen fia www.startside.frl/muzyk/

Allyksa steane der resinsjes op It Nijs. Lês bygelyks In bysûndere ûnderfining oer in ‘skoalreiske’ fan in ploech Jousters nei in optreden yn Assen fan de âlde rockers fan de Golden Earring (dy’t begjin dit jier – nei sechtich (!) jier – opholden, omreden dat sjonger George Kooymans de slimme krupsje ALS krige). Lykwols wie it de Jousters yn it foarste plak om de nije rockers fan de Jouster band Straight On Stage te rêden, dy’t yn it foarprogramma stiene. Nea fan heard? Lês der mear oer yn Jouster band presintearret single mei hitpotinsje en besjoch en beharkje de fideoklip yn dat berjocht.  

Straight on Stage yn Assen; © Foto Maarten van Meer

Dat is dan in foarbyld fan in Fryske band dy’t neffens de rocktradysje ‘gewoan’ yn it Ingelsk sjongt. Mar neist it Frysk wurde tal fan streektalen langer opnij ûntdutsen om yn te sjongen; opmerklik genôch, sa’t it liket, benammen troch jonge froulju: 

Raif: moai Grinslânsk konsert fan Marlene Bakker yn Garnwerd 

Soms krij ik de yndruk dat Fryslân en Grinslân kultureel mei de rêch nei elkoar ta steane. Dat jildt namste sterker as it giet om de taal fan beide streken. Hoefolle Grinzer sjongers kinne Friezen opneame? Ik bin bang dat it by de measten mei Ede Staal wol ophâldt. Dat is skande, want der wurdt in protte moaie muzyk makke yn it Grinslânsk. In nije stjer oan ’e Grinzer muzykhimel is Marlene Bakker. (…) Dat, wy nei kafee Hammingh ta, dêr’t se yn ’e skuorre sjonge soe. 

 Dat wie net in straf. Marlene Bakker sjongt prachtige harkferskes yn in moai Grinslânsk, dat bytiden in mingfoarm is fan har eigen Westerwoldsk en it Hegelânsk dat har learaar Grinslânsk brûkte. Sa lei se dat sels alteast út, want tusken de ferskes troch fertelde de sjongeres optein fan alles, bygelyks dat se har pas yn Tilburch bewust wurden wie fan har Grinslannerwêzen. De lytse yntermezzo’s makken it optreden noch ûnderhâldender. 

Net allinne binne de teksten en de taal moai, Marlene Bakker hat ek in bysûnder moaie stim en se kin der ek in soad mei: lytse en grutte spronkjes, heech en leech, it liket har allegear o sa maklik ôf te gean. Se nimt it publyk ek mei. Mei in ienfâldige begelieding fan in gitarist en in toetsenist bringt se sa ferskes fan heech nivo.

Stilset byld út de fideoklip Waarkhannen

Wat is no Raif? Lês dêr de folsleine ferzje fan de resinsje fan Henk Wolf út 2018 foar op It Nijs, mei de fideoklip fan it ferske Waarkhannen. Yn dyselde snuorje wûn in noch folle jongere Drintske frou sawier in ynternasjonale priis: 

Isa Zwart wint op Suns mei Drintsk ferske 

De santjinjierrige Isa Zwart út Barger-Oosterveld hat sneontejûn de publykspriis wûn op Suns, in jierliks sjongfestival foar ferskes yn minderheidstalen. Dit jier waard it festival hâlden yn it Italiaanske Udine. Isa Zwart song dêr it ferske Mamme see, yn it Drintske Nedersaksysk.

Stilset byld út in fideoklip fan it ferske dêr’t Isa Zwart de priis mei wûn, te besjen op It Nijs

Oer de lânsgrins moetsje we in jonge sjongeres dy’t yn it Frysk fan in Noarddútsk eilân sjongt: 

Keike Faltings sjongt yn it Noard-Frysk 

Sjongeres Keike Faltings komt fan it Noard-Fryske eilân Feer/Föhr. Hja begûn har karriêre mei Ingelsktalich repertoir, mar is oerstapt nei sjongen yn it Frysk fan har eigen eilân. De NDR hat in reportaazje makke oer Keike Faltings en har ûngewoane kar. 

Stilset byld út de reportaazje

De folsleine reportaazje is yn it niisneamde berjocht op It Nijs te besjen. En fia it Frysk yn Noard-Dútslân bedarje we by in eroatysk Noard-Hollânsk liet yn it Frysk út 1643. Wa’t witte wol hoe’t dat sit, moat it berjocht 17e-ieusk eroatysk Frysk liet út West-Fryslân fûn lêze

En no’t we dochs by de erotyk belâne binne, kin in sensuele dûns mei de Fryske flagge net ûnfermeld bliuwe. It is lykwols gjin Fryske artyst dy’t soks oandoarde, mar in East-Europeeske: Hoe komt in Bulgaarske sjongeres oan in Fryske flagge? Yn dat berjocht stiet it antwurd op dy fraach en is it filmke mei de sinlike dûns te besjen. 

Stilset byld út de fideoklip

Ta beslút, foar wat de jongerein stypje wol om yn de eigen taal te sjongen:

Fergees: groep 8-musical foar Fryske basisskoallen 

Yn opdracht fan Lân fan taal hat komponist/muzikant Peter Sijbenga in komyske musical skreaun foar groep 8. It skript en de muzykbestannen fan ‘Doe’t Bretaal nei Meartalië kaam’ binne fergees fan lanfantaal.frl/musical te heljen. 

Yn de musical, dêr’t sawol in Frysktalich as Nederlânsktalich skript fan beskikber is, wurde Meertaliërs konfrontearre mei Bretaal. Dit personaazje (of binne it der mear?) doar fragen te stellen dêr’t de antwurden net op foarhân fan bekend binne. De klassen dy’t mei de musical oan ’e slach geane, wurde noch fierder útdage: yn de musical sit in soad romte foar eigen ynbring. Op it gebiet fan rollen en dekôr kinne skoallen harren kreativiteit ek kwyt. By de musical sit in hantlieding/lesbrief mei in soad tips, en skoallen kinne op oanfraach mear advys en help krije. De musical is ek geskikt foar ûnderbou fuortset ûnderwiis en jeugdteäterskoallen/selskippen. 

 

july 10, 2021 21:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.