Melding nije bywurking Janssen-faksin yn Amearika

july 14, 2021 08:36 Fernijd

Yn tige seldsume gefallen soe it Janssen-faksin it Guillain-Barré-syndroom feroarsaakje kinne. Dat hat it CDC, it Amerikaanske RIVM, buorkundich makke. Guillain-Barré is in seldsume oandwaning dêr’t it auto-ymmúnsysteem it senuwstelsel by oantaast, wat ta hommelse spierferlammingen liede kin.

Foto: pixabay.com

It CDC berjochtet dat yn de Feriene Steaten op likernôch trettjin miljoen Janssen-prippen sa’n hûndert mooglike gefallen fan Guillain-Barré ûntdutsen binne by ûntfangers fan it faksin. De bywurking soe it meast foarkomme by manlju boppe de 50 jier, meastal sa’n twa wike nei de faksinaasje. Unôfhinklike saakkundigen sille it probleem fierder ûndersykje.

Alle jierren wurde tusken de 3000 en 6000 minsken troch it seldsume syndroom troffen, yn de measte gefallen nei in bakteriële of firusynfeksje. It grutste part fan de minsken dy’t de oandwaning kriget, wurdt wer better.

De Amerikaanske Food and Drug Administration (FDA) seit mei klam dat it risiko op in slim sykteferrin of stjerte troch de koroanasykte noch altyd gâns heger is as de kâns op de bywurking en dat de foardielen fan in prip mei Janssen dus noch altyd tsjin de neidielen opwage. Krekt as yn Nederlân is it Janssen-faksin yn de Feriene Steaten nei eardere noed oer in seldsume bloedoandwaning foar it grutste part út it faksinaasjeprogramma skrast.

july 14, 2021 08:36 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.