Mei de Fryske popsealen op fytstocht troch de provinsje

july 21, 2021 08:46

It Bolwurk, Iduna en Neushoorn sille wat nijs dwaan. Op snein 1 augustus organisearje de trije Fryske poppoadia in fytstocht. Dêrby ûntdekke de dielnimmers neist de trije sealen ek it prachtige Fryske lânskip en talintfolle nije bands. Under de neamer Tour de Poadia wurdt in trijepoadiatocht ûndernommen dy’t jin ûnder oare yn Drachten, Ljouwert, Snits en de tuskenlizzende natuergebieten bringt.

Cloudsurfers (boarne: Neushoorn)

De Tour de Poadia is in gearwurkingsprojekt fan de Fryske poppoadia Bolwurk, Iduna en Neushoorn. Dêr sille de dielnimmers yn in dei al fytsend de trije sealen by oandwaan en dêr in optreden fan in talintfolle artyst of band út it Hit the North-trajekt sjen. Untstien as ludike aksje om yn koroanatiid de ferbining tusken de poadia oan te jaan, is de Tour de Poadia yn 2020 foar it earst ferriden troch de programmeurs fan de trije sealen. Troch de positive reaksjes hawwe dy no besletten om de tocht dit jier foar elkenien tagonklik te meitsjen.

De dielnimmers kinne har eigen tempo bepale: meifytse yn it ‘peloton’ dêr’t rekken holden wurdt mei de fytsers mei minder ûnderfining of alfêst nei de popseal knalle om dêr foar it optreden al wat te nuttigjen. In race- of toerfyts is foar de 95 kilometer lange tocht net perfoarst nedich.

Foar it bandprogramma is it ESNS-projekt Hit the North frege om trije bands of artysten te leverjen. Foar it Bolwurk sil dat folk- en countryartyst Timo de Jong wêze, Iduna wurdt oandien troch Americana-fertolker Jonathan Rhodes mei syn band en yn Neushoorn sille punkrockers Cloudsurfers it poadium betrede. Eltse band of artyst sil trije kear in koarte set spylje: ien kear foar dielnimmers dy’t by de eigen lokaasje útseinsette en dêrneist noch in set foar de fytsers fan de oare poadia. Dêrtroch sil om 12.00 oere tagelyk start wurde mei de Tour de Poadia yn sawol Drachten, Ljouwert as Snits.

In echte trijepoadiatocht troch it Fryske lânskip. Nei ôfrin krije de dielnimmers op fertoaning fan harren folle stimpelkaart noch in aardich oantinken.

Lokaasje: Poppoadium Iduna – Drachten, It Bolwurk – Snits, Neushoorn – Ljouwert;
Datum: Snein 1 augustus;
Start: 12.00 oere;
Kaarten: € 10 de dielnimmer, te keap by de lokaasje dêr’t men starte wol.

Mear ynfo: www.neushoorn.nl.

july 21, 2021 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.