Bywurke: ien miljoen ophelle foar gouden tip Tanja Groen

july 12, 2021 07:52

Foar de gouden tip dy’t laat nei de fynst fan Tanja Groen is mear as in heal miljoen euro ophelle. Dat is te lêzen op de side fan de stifting De Gouden Tip, dy’t 2,5 wike lyn oprjochte waard troch Peter R. de Vries.

Foto: pixabay.com

Sûnt de oanslach op syn libben is it ynsammele bedrach rap oprûn. Woansdei stie de teller noch op 244.000 euro. De Vries sei by de lansearring fan syn inisjatyf dat er yn in jier ien miljoen euro ophelje woe. As it mear wurdt, dan komt it jild te’n goede oan beleaningen yn oare saken.

De 18-jierrige Tanja Groen ferdwûn yn ’e nacht fan 31 augustus 1993, nei’t se op in feestje fan in Maastrichtske studinteferiening west hie. Sûnt ûntbrekt elts spoar fan de studint út Schagen.

Bywurke woansdei 14 july 2021, 7.00 oere: It streefbedrach fan ien miljoen euro is ophelle foar it fûns foar de saak-Tanja Groen. Dat hat Simon Vuyk, bestjoerslid fan stifting De Gouden Tip tiisdei buorkundich makke yn it programma Op1. It nijs folge inkelde oeren nei in ekstra útstjoering fan Tijd voor Max dy’t oan it fûns en de stifting wijd wie.

july 12, 2021 07:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.