Lûdlear fan it Nederlânsk no ek yn ANS

july 7, 2021 16:11

Elkenien dy’t mei de Nederlânske taal pielt, ken de Algemene Nederlandse Spraakkunst. Yn ‘e kuiergongen wurdt dy faak leavjend ANS neamd. De ANS is der as boek, mar ek as webstee. In pear moanne lyn hat dat webstee in nij jaske krige: it sjocht der kreazer út, men kin der better yn sykje en der binne wat stikken modernisearre.

Dizze wike is de ANS útwreide mei in stik oer de lûdlear fan it Nederlânsk. Oant no ta waard allinne de sinbou deryn beskreaun. No kin men der ek yn fine hokker klanken oft it Nederlânsk hat, hoe’t wurdlidden opboud binne, wat útspraakferskillen tusken presize en sloarderige spraak binne en folle net genôch.

It nije haadstik oer de lûdlear is hjir te finen.

july 7, 2021 16:11
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. - july 7, 20:54

    In de wandelgangen: dei en wei.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.