Lit opmerklike ferkearsregels yn it bûtenlân jin net oer it mad komme

july 24, 2021 08:38

Net allinnich yn Nederlân, mar ek yn de rest fan Europa feroarje de koroanamaatregels geregeld. Dat kin foar problemen soargje as men mei de auto op fakânsje giet. Njonken ûndúdlikheid oer dy maatregels, kinne de bûtenlânske ferkearsfoarskriften jin fan ’t simmer ek oer it mad komme. Om dúdlikens dêroer te skeppen, hat beslist.nl wichtige én opmerklike ferkearsregels (en de boetetariven) yn de populêrste Europeeske fakânsjelannen yn kaart brocht.

Foto: pixabay.com

Opfallende Europeeske ferkearsregels
Yn guon lannen is de ferkearswetjouwing krekt wat oars as by ús. Sa moat men wannear’t men yn of troch België rydt, altyd in ferbântromp, feilichheidsheske, brânblusser én gefaretrijehoek(en) yn ’e auto lizzen ha. Yn Dútslân kinne jo in bekeuring fan € 85 krije as jo mei in lege tank stil komme te stean op de Autobahn.

Kreauwe efter it stjoer mei oare ferkearsdielnimmers? Unferstannich om yn Spanje te dwaan. Op it misledigjen fan in oare sjauffeur mei hângebearten stiet in boete fan € 80. As men as bestjoerder ûnder it riden te folle ôflaat is, bygelyks troch op ’e neils te biten, kin men ek mei dat taryf bekeurd wurde. Wa’t ûnderweis mei wat oars dwaande is, lykas it iten fan in broadsje of it betsjinjen fan it navigaasjesysteem, mei € 200 ôfrekkenje – sels as dat yn ’e file of foar in stopljocht bart. By direkt beteljen (of uterlik binnen tweintich dagen) kriget men oars wol 50% koarting op it boetetaryf.

Boeten relatyf heech yn guon fakânsjelannen
Yn Grut-Brittannië en Noarwegen is it wichtich om jin goed oan de pleatslike ferkearsregels te hâlden. Yn dy lannen moatte nammentlik fikse boeten betelle wurde by oertrêdingen yn it ferkear. Foar ferkeard ynheljen bygelyks is men dêr omrekkene respektyflik 1167 euro en 666 euro oan kwyt.

Yn njoggen Europeeske lannen is in part fan de ferkearsboeten heger as yn Nederlân. Dat jildt yn Spanje foar it net omhawwen fan in gurdle, yn Frankryk foar faasje-oertrêdingen en yn Italië foar riden ûnder ynfloed. Foar it riden dêr mei oardel promille yn it bloed, kinne de lokale autoriteiten jins auto sels ferkeapje.

Yn lannen as Finlân en Sweden, dy’t beide in protte fariabele en ynkommensôfhinklike boetetariven hantearje, kin in oertrêding grutte gefolgen hawwe. Ride ûnder ynfloed en/of mear as fyftich kilometer yn ’e oere te hurd ride bûten de beboude kom laat dêr (krekt as yn Nederlân) ta in rjochtsaak. De hichten fan boeten foar ferkearsoertrêdingen binne yn Bulgarije en Turkije dêrfoaroer yn trochsneed it leechst.

Besjoch hjir alle ferkearsregels yn ferskate lannen om goed taret op fakânsje te gean.

july 24, 2021 08:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.