Leo Blokhuis dûkt yn de moaiste popmuzyk út de tachtiger jierren
Resint ferskynd
Op NPO 3 is fan ’t simmer omtinken foar de tachtiger jierren, it desennium dat noch altyd sa ta de ferbylding sprekt. It wiene de jierren fan de synthpop, pop yn jins eigen taal, stadionrock en superstjerren lykas Madonna, Michael Jackson (syn album Thriller is ít album fan de tachtiger jierren) en Prince. Yn dat desennium waard ek de hiphop grut.
Yn spesjale ôfleveringen fan it muzykprogramma Blokhuis Extra dûkt Leo Blokhuis seis wike efterinoar djip yn de popmuzyk fan de tachtiger jierren. Der binne reportaazjes, âlde klips en ferhalen, sa’t allinnich hy dy fertelle kin. Blokhuis hat dêr de rike byldargiven fan de Top 2000 a gogo en de Nacht fan de Popmuzyk by ta syn foldwaan. Fan woansdei 21 july ôf is seis wike lang it moaiste fan de popmuzikale tachtiger jierren te sjen yn Blokhuis Extra: De jierren 80 op NPO 3.
Utstjoering: fan woansdei 21 july ôf om 21.10 oere by de NTR op NPO 3.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje