Leafdesmeldij (gedicht)

july 24, 2021 09:30 Fernijd

Leafdesmeldij

Foto: pixabay.com

Op myn netflues stiest gravearre
yn myn bloed streamst stadich mei
eltse hertslach is ornearre
om ek mei te slaan foar dy.

Troch myn tinzen bliuwsto sweven
ek al binn’ myn earms sa leech
kuozje my, al is ’t hiel even
driuw myn bloeddruk mar omheech.

Yn ’e djipte fan dyn eagen
lês ik longrjend: ’k jou my oer
oan it ritme fan ’e weagen
fan dyn flammen, fan myn fjoer.

Nimmen sil dit liet ea hearre
en as ik de snaren stryk
jitte do en ik, tegearre
dizze wurden yn muzyk.

Inne Bilker

july 24, 2021 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. ? july 26, 08:17

    Op ‘e wize fan ‘Oeren, dagen, moannen, jierren fleane as in skaad foarby.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.