Lanlike staking berne-opfang, mar net folle lokaasjes dogge mei

july 8, 2021 07:53

Yn ’e berne-opfang is hjoed in lanlike staking. Neffens organisator FNV stake wurknimmers op 538 lokaasjes troch hiel Nederlân, dat is sa’n trije persint fan it totaal. Hoefolle lokaasjes oft yndied ticht bliuwe, hinget ôf fan it tal minsken dat meidocht.

Foto: morguefile.com

Ferline wike waard al in regionale staking organisearre yn Noard-Hollân en Almere. Dêr die personiel op 132 lokaasjes oan mei, dy’t net allegear ticht wiene. Ien fan de wurkjouwersferieningen, Branchevereniging Maatschappelijke Kinderopvang (BMK) neamt de gefolgen fan de stakingen ridlik beheind. “Dochs kin it tige ferfelend foar de bern en âlden wêze”, seit foarsitter Loes Ypma. “Wy hawwe foaral noed oer kwetsbere bern mei bygelyks in taalefterstân. Guon bern misse no twa wike efterinoar in dei berne-opfang.”

Fakbûn FNV, dat de lanlike staking organisearret, fynt dat de wurkdruk yn ’e sektor te heech is en dat dêr yn ’e nije cao te min oan dien wurdt. It fakbûn hat dy cao ek net ûndertekene. Brancheorganisatie Kinderopvang, Branchevereniging Maatschappelijke Opvang en fakbûn CNV diene dat wol.

FNV hâldt tongersdeitemiddei yn Nieuwegein in gearkomste foar de stakende meiwurkers.

july 8, 2021 07:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.