Kwetsberen yn Israel kinne tredde koroanaprip krije

july 12, 2021 07:39

Ynwenners fan Israel mei in ferswakke ymmúnsysteem kinne tenei in ekstra faksinaasje mei Pfizer/BioNTech krije. Sûnensminister Horowitz seit dat er noch yn him omgean lit oft sa’n tredde prip ek oanbean wurdt oan de rest fan de befolking.

Foto: pixabay.com

De ekstra faksinaasje komt beskikber foar minsken dy’t bygelyks in orgaantransplantaasje ûndergien hawwe. Of foar persoanen dy’t fanwege in medyske oandwaning in ferhege risiko rinne. Nettsjinsteande de hege faksinaasjegraad nimt yn Israel it tal minsken dat de sykte skipet wer ta, benammen troch de deltafariant. Begjin juny waarden deis inkelde tsientallen besmettingen meld, no binne dat wer hûnderten.

Pfizer/BioNTech seit dat in ekstra yninting de hoemannichte antystoffen yn it lichem flink ferheget. It ûndersyk dat dy bewearing ûnderbouwe soe, is lykwols noch net publisearre. Dêr komt by dat der grutte kommersjele belangen meispylje.

july 12, 2021 07:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.