Kursus Kanarjekweken (ferhaal)

july 31, 2021 07:00 Fernijd

Der waard lûd klaksonnearre doe’t Welmoed mei in folle winkelkarre de supermerk útkaam. It portier fan in sulverkleurich bestelweintsje fleach iepen en Joukje Kuperus, in âld-kollega, kaam op har ta stowen. Se hie Joukje, in allinnesteand, flot fleurich frommiske fan goed fyftich, sûnt se sels in goed jier lyn ôfskied fan de basisskoalle nommen hie, net wer moete. Under it leechheljen fan de karre en nei it útwikseljen fan de wenstige saken wie de konklúzje dat de goede bân dy’t se altiten mei-inoar hân hiene wol wer wat oanhelle wurde koe. Joukje liet der, op it plak sels, gjin gers oer groeie. “Freedtejûn, sân oere, ik helje dy op, ite by de Turk yn Ljouwert.” Foardat Welmoed ek mar de kâns krige om der wat tsjinyn te bringen, luts se har de lege karre út ’e hannen, troppe har in fyftich-euromuntsje yn ’e bûse en skeat de winkel yn.

Thús reagearre Jaap, har wol in jier as tsien âldere man, wat protteljend op ’e tiding dat er him freedtejûn sels mar fermeitsje moast en dat sy op ’e neimiddei mei Joukje, do wist wol, op stap gie.

It wie foar Welmoed de earste kear dat se Turks iten krige. Op oanstean fan Joukje waard der in net al te roekeleaze kar makke út it grutte oanbod fan oriïntaalsk iten.
“Hoe is it om Jaap no hiele dagen om dy hinne te hawwen? frege Joukje nei it iten, wylst se de ober wonk foar in tredde konsumpsje.
“Och”, skytskoarre Welmoed der wat tsjinoan, “earlik sein, it falt noch net ta. De earste tiid hat er wat omrommele en syn wurkkeamer wat opromme en wat fuort koe fuortdien. Mar nei ferrin fan tiid wie it wol gauris moarns ûnder de kofje al duveldei tusken ús. Hy woe hawwe dat ús programma alle dagen syngroan rinne soe. Dat ferpofte ik. Ik hie der wol begryp foar dat er syn draai noch fine moast, mar it beslach dat er op my lei, beheinde my te folle. Lokkich krige ik him safier om in frijwilligersbaantsje oan te nimmen. In pear kear yn ’e wike by klanten fan ‘Thús ite –maaltijdservice’ in waarm miel bringe.”

“En”, trune Joukje foarsichtich oan, “doe begûn jimme relaasje in twadde libben?”
Welmoed seach har wat wanhopich oan en suchte ris djip.
“Hy hat it op ’e kop ôf twa moanne útholden. Doe siet er wer thús te eameljen.”

De ober brocht in tredde glês wyn foar Welmoed, en foar Joukje in cappucino.
“Do kenst Jaap wol in bytsje”, gie Welmoed fierder, “sosjaal net ien fan de tûksten en ek noch in koart lontsje. Nei twa wike wie der al ien dy’t him net wer oer de flier hawwe woe. Frou Walsma, de widdo fan âld-notaris Walsma, net ien fan de makliksten en al jierren oan in ynfalidekarke klibbere, hie alris in kear as wat bot klage oer it iten dat Jaap har besoarge. De iene kear wie it te kâld, de oare kear ûntduts se spoaren fan paprika yn ’e rys en wer in oare kear wegere se it neigesetsje. Doe’t frou Walsma foar de safolste kear wer oer it ien en oar wat te melden hie, bruts by Jaap de wjerstân. Hy hat doe it neigesetsje fan dy dei, in dikke hompe iistaart, har omkeard op ’e holle set en it har ek nochris djip it hier yn wreaun. Dêr hoegde Jaap dus net wer te kommen.”

Hjir wachte Welmoed in amerij. Joukje seach har glimkjend oan: “It ferhaal is noch net dien, tink?” pinfiske se fierder. Welmoed pakte har glês, toaste wat oerdreaun drok mei Joukje en gie fierder mei har ferhaal.

“Ik haw noch hoeden besocht om him wat te coachen om samar te sizzen, mar de tamtam fan frou Walsma die ûnderwilens syn wurk ek. Jaap moast mei it wetter foar de dokter en hy krige te ferstean dat er te fier gien wie, en frou Walsma waard fan syn listje helle. It is doe in pear wike goed gien. Oant er in kear ûnferwachts foar in kollega-frijwilliger ynfalle moast. It lêste adres op ’e list fan dy dei wie frou Walsma. Ik fertel dy no Jaap syn ferzje fan it ferhaal oer wat him doe ôfspile hat. De dame hie fuortendaliks de lidden fan de itensbakjes ôfraamd dy’t Jaap foar har delset hie.
‘Al wer in pasta. Nim dy troep mar wer mei werom’, hie se Jaap tabiten. En wrimpen hie se de bakjes fan har ôfskood.
Op dat stuit hie er fuortgean moatten, mar sa sit Jaap net yninoar”, fersuchte Welmoed. “Hy hat doe de balkondoarren fan har keamer – alderûngelokkichst ek noch op it noarden – wiid iepenset, it kaike fan har karke derút skuord en sa fier mooglik fuort mitere, de termostaat fan de ferwarming op nul draaid, it iten fan de tafel raamd en is doe, sûnder ien sprek te sizzen, de doar útrûn.
Doe’t er thúskaam wist ik genôch. Hy hat him no opjûn foar in kursus kanarjekweken. Wol sa feilich.”
Joukje knikte ynstimmend: “Better deis ûnder dyn hoede as ûnder de minsken.”

Inne Bilker

july 31, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.