Kompjûterproblemen Hubble-teleskoop oplost

july 18, 2021 08:44

De Hubble-teleskoop koe sûnt 13 juny net brûkt wurde fanwege in stikkene boardkompjûter. Op ierde waarden oplossingen betocht, lykas it opnij starten fan de kompjûter en it feroarjen nei oare ûnthâldmodules, mar sûnder sukses. Neffens NASA binne de problemen mei de kompjûter no oplost.

Romteteleskoop Hubble (foto: Wikipedia/NASA)

Mei in searje kommando’s is it no slagge om in back-up-kompjûter fan de Hubble te aktivearjen. De Amerikaanske romtefeartorganisaasje seit dat as alles it fierder goed docht, de astronomyske waarnimmingen mei de teleskoop gau wer fierder gean kinne.

De HubbleSpace-teleskoop waard yn 1990 lansearre. Sûnt binne der mear as oardel miljoen waarnimmingen mei dien. De Hubble krige fiif kear in ûnderhâldsbeurt, mar dy ûnderhâldsmissys holden op doe’t de spaceshuttle mei pinsjoen gie. Sûnt kampt de teleskoop geregeld mei problemen. Dêrneist falt de teleskoop tige stadich werom nei de ierde. Ofhinklik fan de sinne-aktiviteit, dy’t dat proses ferhastigje kin, komt de Hubble nei alle gedachten earne tusken 2028 en 2040 yn de dampkring werom. Letter dit jier of begjin takom jier wurdt de opfolger lansearre: de James Webb-teleskoop, dy’t noch fierder it hielal yn sjen kin as de Hubble.

july 18, 2021 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.