Kin mei Skrieze-oanfalsplan úteinset wurde?

july 10, 2021 15:33

Skries. Boarne: pixabay.com

It liket derop dat der fan de kant fan de ryksoerheid beweging komt yn it finansierjen fan it Oanfalsplan Skries. Yn in brief ljochtet demisjonêr-minister Schouten (LNV) de Twadde Keamer yn oer de petearen dy’t se mei de provinsjes hâlde wol om de mooglikheden te ûndersykjen oft se ta ôfspraken komme kin om it plan finansierjen. Se wol foar de perioade 2023-2027 mei de provinsjes 69,5 miljoen euro beskikber stelle, troch yn it mienskiplik lânboubelied it ien en oar te ferskowen. Foar 2021-2022 komt it Ryk dan mei 5 miljoen oer de brêge.

Foar de koarte termyn is 10 miljoen euro beskikber om yn in pear gebieten in begjin te meitsjen. Wêr’t dat wêze sil moat yn oerlis mei de provinsjes en de lânbousektor noch útmakke wurde.

Neffens de inisjatyfnimmer fan it plan, âld-minister fan VROM Pieter Winsemius, kin it plan allinne sukses hawwe as it yn syn gehiel útfierd wurdt. Mei heal wurk wurdt neat berikt.

It oanfalsplan is hjir te lêzen.

july 10, 2021 15:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.