Keimpe de Krokodil leart gasten yn Waadhoeke Frysk, Biltsk en Frjentsjertersk

july 10, 2021 08:08

Mei help fan Keimpe de Krokodil komme de gasten fan goed fyftjin Fryske restaurants fan ’t simmer yn ’e kunde mei it rike taalferskaat yn Fryslân. De Afûk biedt restaurants ûnderlizzers fol meartalige spultsjes en in meartalich lêsboekje IIs foar Eef oan foar de jongste gasten. Yn Waadhoeke dogge fiif restaurants mei. Neist it Frysk is dêr fansels omtinken foar it Biltsk en it Frjentsjertersk.

Foto: Gemeente Waadhoeke

Wer mear besikers yn de hoareka
As it foarútsjoch doocht, sille der hieltyd mear besikers – út eigen provinsje en fan dêrbûten – in besite oan de hoareka yn Fryslân bringe. Dat is in moai momint om de gasten yn ’e kunde komme te litten mei it Frysk en it rike taalferskaat fan Fryslân. Dêrom yntrodusearre de Afûk op tongersdei 8 july in oanbod foar restaurants, besteande út in placemat fol spultsjes en it meartalige lêsboekje IIs foar Eef foar de jongste gasten.

Keimpe hâldt fan Fryske ferhalen
Keimpe de Krokodil makket al in oantal jierren Frysk lêzen foar skoalbern fan 4-8 jier oantreklik. En no giet er op reis! By Keimpe op reis wurde de spultsjes en ferhaaltsjes yn it Frysk oanbean. Dêrneist wurdt de taalfariaasje fan de regio of stêd brûkt, dus it Biltsk, Dokkumersk en Frentsjertersk. Fansels wurde gasten dy’t dy talen (noch) net machtich binne, yn it Nederlânsk en Ingelsk by de hân nommen. Sa binne de produkten nijsgjirrich foar minsken dy’t Frysk, Bildts, Dokkumers of Franekers prate, mar bygelyks ek foar toeristen fan bûten de provinsje.

Meartalich Waadhoeke
De gemeente Waadhoeke is der grutsk op om in meartalige gemeente te wêzen. Net allinnich wurde de offisjele rykstalen brûkt yn Waadhoeke, mar ek it Biltsk en it Frjentsjertersk binne talen dêr’t de gemeente graach omtinken foar hat. Under oaren troch mei te dwaan oan dit projekt fan de Afûk, set de gemeente him yn foar de sichtberens fan de fjouwer talen. Wethâlder Jan Dijkstra: “Ik bin bliid dat de hoareka dermei oan ’e slach giet. It is goed foar harren eigenwearde, om sjen te litten dat se har ûnderskiede wolle en dat se de klanten serieus nimme.”

Foto: Gemeente Waadhoeke

Wêr is Keimpe yn Waadhoeke?
Yn Waadhoeke binne de Keimpe-de-Krokodilplacemats en de lêsboekjes IIs foar Eef te finen by de folgjende restaurants:

  • Zwarte Haan yn Sint-Jabik
  • HCR de Harmonie yn Seisbierrum
  • de Blikvaart yn Sint-Anne
  • Bloemketerp yn Frjentsjer
  • The Friezinn yn Westhoek.

Taalwethâlder Jan Dijkstra lange hjoed by restaurant Blomketerp yn Frjentsjer de placemats en de boekjes mei de Fryske en Frjentsjerter tekst oer. Dat die er oan manager Tjeerd. By Restaurant Zwarte Haan naam eigner Jacob de Biltske ferzjes oan fan de wethâlder. Stifting Bildts Aigene sil de placemats en de boekjes noch fierder by oare restaurants op it Bilt útsutelje.

Mei tank oan de gemeenten Achtkarspelen, Noardeast-Fryslân, Waadhoeke en Tytsjerksteradiel kinne bedriuwen út dy gemeenten fergees gebrûk meitsje fan it oanbod. Stifting Bildts Aigene en ut Genoatskap foar ut Behoud fan ut Franekers hawwe de oersettingen fersoarge foar de Biltske en Frjentsjerter teksten. Bedriuwen dêr’t Keimpe de Krokodil ek wolkom is, kinne har oanmelde fia www.keimpe.frl.

july 10, 2021 08:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.