Kanada set leger yn by boskbrannen

july 3, 2021 09:13

It Kanadeeske regear sil it leger ynsette om te helpen mear as hûndert boskbrannen te dwêsten. De brannen binne yn de provinsje Britsk Kolumbia, yn it súdwesten fan it lân.

Foto: pixabay.com

It leger set fleantugen en sa’n 350 militêren yn om de brânwacht by te stean. Hja kinne ek helpe by evakuaasjes. It tal boskbrannen yn Kanada wurdt hieltyd grutter. De ferwachting is dat der dit wykein tsientallen by komme, ûnder mear troch tongerynslach. Freed waarden sa’n 12.000 tongerynslaggen teld.

De gefaarlikste brân is likernôch tweintich kilometer fan de stêd Kamloops, tusken Vancouver en Calgary. It fjoer beslacht goed 300 kante meter en is net te behearskjen. Kampearder yn de wide omkriten wurde fuortstjoerd.

Tichter by Kamloops binne ek brannen. Hûnderten ynwenners waarden de ôfrûne dagen evakuearre. De brânwacht seit sa’n 400 huzen fan de flammen rêden te hawwen. De bewenners dêrfan meie wer nei hûs ta.

Lytton
Kamloops leit himelsbreed sa’n hûndert kilometer fan Lytton, it doarp dat begjin dizze wike wrâldnijs waard troch de rekôrtemperatueren fan hast fyftich graden dy’t der metten waarden. Koart dêrnei waard it folslein yn ’e jiske lein. Nei alle gedachten binne dêr twa ynwenners fan Lytton by om it libben kommen. De tûzen ynwenners hiene opdracht krigen om fuort te gean, mar mooglik hat net elkenien dat dien. Wissens is der noch net, want de telefoanferbiningen binne útfallen en it is noch te gefaarlik om it gebiet yn te gean.

Lês ek dit berjocht fan It Nijs fan moandei 28 juny 2021.

july 3, 2021 09:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.