It Twadde Wurd: God as dûbelgonger fan ússels!
Resint ferskynd
Oertinking
In minske wurdt wolris feroardiele om ien karaktertrek. Hy/sy is lui, in egoïst, in opskepper, in wreden hont, ensafuorthinne. Mar it byld dat wy fan sa’n minske ha, is in karikatuer. In minske is altyd mear as dat iene.
Mei de bylden dy’t wy fan God ha, sette wy Him nei ús hân. Wy meitsje Him sa dat Er ús past. Mar sá’n god is in dûbelgonger fan ússels!
Yn it gouden bollekeal makke Israel him in byld fan in eigen god. Ik tink dat wy dat byld wol herkenne!
Goud: dat is jild, karriêre, materialisme, keapkracht, status, lúkse.
Bolle: dat is fitaliteit, krêft, seks.
Keal: dat is it oanbidden fan it jongwêzen, wat wy sjogge yn de grutte populariteit fan de skientme-sjirurgy en body-building.
Yn Hitler-Dútslân setten se njonken it doopfont de heakkekrúsflagge om sa it evangeelje oan te passen by it nasjonaal-sosjalisme.
Wy wurde warskôge om God net op ús maat te snijen. Hy is altyd wer oars en benammen mear as dat wy tinke. Hy is net in ferlingstik fan ús tinken, Hy is foaral it kritysk-tsjinoer fan al ús dwaan en litten.
Bonhoeffer skriuwt: “Ik wol de Bibel, dat frjemde wurd fan God, op gjin inkeld punt opjaan. Alle gesach bûten de Bibel is foar my ûnwis wurden. Ik bin bang om der in godlike dûbelgonger fan mysels fan te meitsjen!”
It Twadde Wurd nûget ús út om God mear wêze te litten as in ferlingstik fan ússels.
Lêze: Exodus 32:1-5
ds. Doede Wiersma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje