It Tredde Wurd: God foar ús karke spanne

july 25, 2021 07:30 Fernijd

Oertinking

As ik op kategisaasje frege: “Wat is idel gebrûk fan Gods namme,” dan wie it antwurd: “Flokke!”
Myn learmaster, dr. C.J. Labuschagne, makke ûnderskied tusken it ‘lytse’ en it ‘grutte’ flokken. It lytse, dat wiene flokwurden mei God en Jezus, mar it grutte flokken wie de manier sa’t leauwigen God ferbine oan gemiene dingen, mislieding, manipulaasje, ûnrjocht en it yn stân hâlden dêrfan: de minsken wiismeitsje dat it sá heart, wylst it grut ûnrjocht is.
As blanke Súd-Afrikaan belibbe Labuschagne as ien fan ’e earsten de ‘apartheid’ as it grutte flokken. Mei Beijers Naudé stifte hy it “Christelijk Instituut” as fersetsbeweging tsjin dy ‘apartheid’.
As minsken op grûn fan it leauwe oaren feroardielje fanwegen ras, kleur, leauwe, aard en komôf, dan is dat it grutte flokken. As minsken fernedere wurde, wurdt neffens Amos de hillige namme fan God troch it slyk helle (Amos 2:7c). Dan wurdt de namme fan God brûkt as dekmantel foar ûnrjocht.
Dat bart ek as wy ús útwrydske libben yn wolfeart goedprate en sizze dat earmen de earmoed oan harsels te witen ha, om’t se leaver lui as wurch binne. It Tredde Wurd ferbiedt ús om God foar ús karke te spannen. It is better om te sjongen fan “He’s got the whole world in his hand” as “God bless America”!
Wy meie de namme fan God brûke. Net om te flokken, mar om te segenjen. Dêr trunet Kristus Jezus ús ta oan. Hy luts him it lot fan ’e minsken oan en wie fol ûntferming mei harren begien. Dát wie foar Him de essinsje fan Wet en Profeten, ús earste testamint.

Lêze: Amos 2:6-7

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan €19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
july 25, 2021 07:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.