It Earste Wurd: De basis fan de frijheid
Resint ferskynd
Oertinking
“It hert fan de minske is in goadefabryk”, sei Luther.
Sa wiene der en sa komme der hieltyd wer grutte en lytse diktators dy’t God wêze wolle. Grutte kloften minsken ha ferlet fan immen dy’t se oanbidde kinne, oft it no in fuotballer, in filmstjer, in pop-idoal of wa ek mar is. Behalven minsken kinne wy ek in ideology ta ôfgod meitsje, of it jild, de status, macht, de technyk, in hobby, it genot en gean sa mar troch.
In dei nei’t Hitler oan ’e macht kommen wie, sei Dietrich Bonhoeffer al dat de Führer (lieder) in Verführer (ferlieder) waard, as minsken him ta idoal makken. Hitler waard as god fereare.
Yn syn earste preek nei’t Hitler op 3 jannewaris 1933 oan ’e macht kaam, sei Bonhoeffer: “Yn ’e tsjerke stiet in alter ta eare fan God en dêrnjonken binne gjin alters foar de ferearing fan minsken.”
Neffens de Deenske filosoof Sören Kierkegaard is ôfhinklikens fan dy God in earste betingst om ûnôfhinklik fan alles en elkenien te wêzen.
As wy in bân mei God ha, dan ha wy dêrmei de mooglikheid om alles wat him yn dizze wrâld oankundiget as godlik, te skouderjen en te bekritisearjen.
Wy hoege bûten ús God nimmen en neat te ferearjen. “Frij, frij, wy binne frij!” Sa belibbe Jeremia it al.
Lêze: Jeremia 10:1-16
ds. Doede Wiersma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje