Ingenuity hat al myl boppe Mars ôflein
Resint ferskynd
It Mars-helikopterke dat meistjoerd is mei de nije Marsferkenner Perseverance hat sûnt de earste flecht goed trije moanne lyn yn totaal no mear as in myl (1,6 kilometer) flein.
De drone, dy’t 1,8 kilo waacht, berikte sneon de mylpeal by de tsiende flecht, dy’t hast trije minuten duorre. Dêrby kaam it tastel ek heger as by eardere flechten, sa’n tolve meter. Dat is fjouwer kear sa heech as by de earste flecht. Yn flecht njoggen hie de wjukkelmasine al in rekôrôfstân ôflein fan goed 600 meter.
Mei de minyflechten ferkent de Amerikaanske romtefearorganisaasje NASA it gebiet om Perseverance hinne. De tsiende flecht wie ornearre om in stikmannich berchkammen te fotografearjen dy’t nijsgjirritich wêze kinne foar letter ûndersyk. It wie neffens NASA de yngewikkeldste flecht oant no ta yn de ile Mars-lucht, mei’t Ingenuity by tsien punten lâns fleane moast, saneamde waypoints. Mei de flechten wol NASA ek ûndersykje oft it yn ’e takomst mooglik is om in gruttere helikopter nei Mars te stjoeren dy’t op plakken komme kin dy’t foar Marsweintsjes ûnberikber binne.
Sûnt de earste flecht op 19 april hat NASA de software fan de minyhely twa kear bywurke. Dêrtroch is de kwaliteti fan de foto’s ferbettere en fljocht de drone stabiler.
The #MarsHelicopter’s success today marks its 1-mile total distance flown. It targeted an area called “Raised Ridges.” This is the most complex flight yet w/ 10 distinct waypoints and a record height of 40 ft (12 m). Its scouting is aiding @NASAPersevere. https://t.co/tboEcnLvx3 pic.twitter.com/Wc6tDVimIT
— NASA JPL (@NASAJPL) July 25, 2021
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje