Ik haw in dream (gedicht)

july 10, 2021 09:30 Fernijd

Ik haw in dream

Holwert (foto: Wikipedia/Gouwenaar – publyk domein)

Ik haw in dream… Ik dream fan de wrydske ikkers mei borgers, biten en nôt, fan Trijeboerehuzen troch de rynske fjilden fan Elba oant de fette klaaigrûnen, omklamme troch de Holwerter Feart.

Ik haw in dream fan klapperjende seilen en flústerjende boaten troch dyselde feart, ûnderweis nei Waad of alve stêden.

Ik haw in dream… fan blauwe loften mei jeiende wolken, stiifblau spand boppe de Westerpolder. En fan de Eastholwerter polder mei fjilden swier fan koalsied, koal en autoblik. Ik haw in dream….

 Ik haw in dream. Ik dream fan in lange lome seedyk, oan ’e binnenkant bepleistere mei wytwollige skiep en farske, swietrûkende skieppestront en oan ’e seekant in fuot- en fytspaad fan Gibraltar ôf oant Kopenhagen.

Ik haw in dream. Dat ús âlden fan dagen har noflik nestelje kinne op ’e grûn dêr’t harren widze stien hat. Fan senioareflat Bongahiem, fan in fitnessromte ‘Span de spieren’ foar tachtichplussers en fan in massaazje- en pimpsalon foar grize golvers yn it âlde Sparpân om rimpelfrij en hegebloeddrukearm de holle yn Holwert dellizze te kinnen. Ik haw in dream…

Ik haw in dream. Dat de takomst fan ús jonge minsken yn dit doarp fersekere is. Ik dream fan wurk, wurk, wurk. Wurk op camping Kletterbuorren, wurk yn jachthavens, groepearre om in trochgong nei it Waad, dêr’t it swiete wetter fan de Holwerter Feart him yn ’t sâlte wetter fan de Waadsee nestelet. Ik haw in dream…

Ik haw in dream. Fan in omloop om de Holwerter toer op 25 meter hichte. Mei in wrydsk útsicht oer Waad en Wâlden. Ik dream fan slykwurkers, riisdammen, slyksliden byinoar garre yn in park dêr’t de eardere lânoanwinningswurken stal krije op in bûtendykse lokaasje.

Ik haw in dream. Fan folle bakjes yn ’e sweef. Foaryn in grouwenien, achteryn in finen. Fan twa bern op ien hynder yn ’e draaimûne. Foarop in finenien, achterop in grouwen. Ik haw in dream…

Ik haw in dream. Fan in matinee… by moai waar op ’t Keechje, by wiet waar yn ’t Sintrum. En alkoholfrij. Ik dream fan kategisaasje op ’e boppeseal fan ’t Amelanner Fearhûs. Fan klaverjassen en in kasino yn it Gebou fan kristlike belangen. Ik haw in dream…

Ik dream troch fan in doarp dêr’t de befolking nettsjinsteande ras, leauwe en ôfkomst de skouders ûnder syn takomst set. In befolking dy’t syn skeel ûnderinoar byleit en foar de kommende generaasjes Holwerters fol moed dy útdaging oangeane.

Inne Bilker

De skriuwer hat dit gedicht yn 2015 skreaun foar en foardroegen by in gearkomste yn Holwert yn it ramt fan DFDD (Doch it Foar Dyn Doarp).

july 10, 2021 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.