Iersk wurdt funksje-eask foar Ierske amtners

july 9, 2021 10:53

Nije Ierske amtners moatte de Ierske taal goed machtich wêze. It Iersk is neist it Ingelsk ien fan de offisjele talen fan Ierlân en elkenien leart it op skoalle, mar de measte minsken hawwe it Ingelsk as earste taal. Dêr wol it Ierske regear wat oan dwaan. Tongersdei presintearre it dêrom in nije wet oangeande de offisjele talen.

De wichtichste bepaling is dat de Ierske oerheid ferplichte is om it Iersk as offisjele taal yn stân te hâlden. Yn op syn minst 20 persint fan de nije personielsadvertinsjes fan oerheden moat stean dat it Iersk in funksje-eask is. Fierders moat op syn minst 20 persint fan alle offisjele uteringen (brieven, posters ensfh.) yn it Iersk wêze. Op syn minst 5 persint fan alle oerheidsadvertinsjes moat yn ientalige Iersktalige media pleatst wurde.

Net allinne oerheden, mar ek organisaasjes dy’t taken foar de oerheid útfiere, binne tenei ferplichte om klanten de kar te jaan tusken tsjinstferliening yn it Ingelsk en it Iersk.

Fierders moatte alle oerheidskompjûters ek op it Iersk ynsteld wurde kinne. No wurkje Ierske oerheden gauris mei Ingelsktalige software, dêr’t it lestich op is om skerptekens te typen. Dy komme yn de Ingelske stavering net foar, mar yn de Ierske krekt in soad.

Oer de nije taalwet is de ôfrûne tiid yntinsyf debattearre yn it Ierske parlemint. De wet is úteinlik mei 32 amendeminten oanpast.

july 9, 2021 10:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.