Grutte groepen wer wolkom op ’e pleats

july 28, 2021 08:46

Win in wykeintsje by de boer foar tsien persoanen

Yn ferbân mei de koroanamaatregels hawwe boeren en túnkers mei in groepsakkomodaasje de doarren in goed jier tichthâlde moatten. Underwilens binne de groepsferbliuwen by de boer wer iepen. Om dat te fieren, en om agraryske groepsakkomodaasjes ûnder it omtinken te bringen, ferlotsje LTO Nederlân, ZLTO, LTO Noard en LLTB in wykein foar tsien persoanen.

Foto: LTO Noard

It ôfrûne jier wie in swier jier foar pleatsen mei groepsakkomodaasje: fan maart 2020 oant juny 2021 hawwe de reservearringen foar groepen sawat stillein.

“In protte agrariërs binne de ôfrûne jierren úteinset mei alternative boarnen fan ynkomsten. Wy seagen yn de bredere ferbliuwsrekreaasje tusken 2013 en 2018 hast in ferdûbeling. Dêrûnder falle ek de hieltyd populêrdere groepsakkomodaasjes. Spitigernôch jildt foar dy ûndernimmers dat se moannen oan ynkomsten misrûn binne, troch de ferplichte sluting fanwege de koroanamaatregels. Hooplik meie sy de kommende tiid wer in protte gasten ûntfange. Wy moedigje dan ek elkenien oan om by it boeken fan in wykeintsje fuort oan de groepsakkomodaasjes by de boer te tinken!”, seit Linda de Groot, bestjoerder fan de fakgroep multyfunksjonele lânbou.

Ofbylding: LTO

Winaksje: wykeintsje by de boer
Underwilens litte de koroanamaatregels wer ta om mei de hiele húshâlding, freonegroep, fuotbalploech, klasse of mei gearstalde húshâldingen in wykeintsje fuort te fieren. En dan is it in goed idee om mei-inoar yn in groepsferbliuw by de boer te oernachtsjen.

De priiswinnende ynstjoering wint in wykein fuort foar tsien persoanen op in bûtengewoane lokaasje by de boer. Sliepe yn in ballonkoer by Pergama Landjuweel yn de Tún fan Brabân: Haaren. Klik hjir foar mear ynformaasje oer de winaksje.

Agraryske groepsakkomodaasjes yn Nederlân
Underwilens telt Nederlân goed 400 agraryske groepsakkomodaasjes. Dêrby kin tocht wurde oan bygelyks in fakânsjepleats, in trekkershut of in pipowein. Yn 2018 waard de totale omset fan agraryske groepsakkomodaasjes op € 54 miljoen rûsd. Dêrút docht bliken dat dy tûke foar in protte boeren en túnkers in serieus oanpart fan harren bedriuwsmodel is. Fan de útbraak fan de koroanakrisis yn Nederlân oant de ferrommingen yn juny 2021 hat de omset sawat nihyl west, troch it útbliuwen fan boekingen.

Klik hjir foar in oersjoch fan groepsakkomodaasjes yn ’e regio.

july 28, 2021 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.