Grutte bedriuwen Feriene Steaten ferplichtsje faksinaasje foar personiel

july 29, 2021 08:50

Ferskate grutte bedriuwen yn de Feriene Steaten easkje fan harren wurknimmers dat se har faksinearje litte foar’t se wer nei kantoar komme.

Foto: pixabay.com

By de Amerikaanske fêstigingen fan Google giet de faksinaasjeplicht de kommende wiken al yn, skriuwt topman Sundar Pichai yn in mail oan de 130.000 meiwurkers. De ferplichting wurdt earst yn de Feriene Steaten ynfierd en letter yn kantoaren yn oare lannen as dêr genôch faksins beskikber binne. Foar minsken dy’t om medyske of oare redenen net faksinearre wurde kinne, wurde noch rjochtlinen opsteld.

It personiel fan it konsern soe earst fan ’t simmer wer op it wurk ferskine moatte, mar fanwege it oplibjen fan de besmetlike Deltafariant fan it koroanafirus, meie de wurknimmers no oant 18 oktober foltiids thúswurkje as se dat wolle.

Facebook wol yn de Feriene Steaten ek in faksinaasjeplicht ynfiere foar meiwurkers dy’t nei kantoar komme. It sosjalemediabedriuw ferwachtet syn Amerikaanske kantoaren yn septimber wer foar de helte beset te hawwen en yn oktober wol Facebook dat alle meiwurkers wer op de de kantoaren komme. It bedriuw tinkt noch nei oer in faksinaasjeplicht foar kantoaren yn oare lannen.

Streamingbedriuw Netflix hat ek oankundige faksinaasjes fan akteurs en oar personiel op ’e set te easkjen by produksjes yn ’e Feriene Steaten. Dêrmei is Netflix de earste grutte studio yn Amearika dy’t in faksinaasjebelied ynstelt.

Fierder wolle ûnder mear de Amerikaanske loftfeartbedriuwen Delta en United fan nije meiwurkers in faksinaasjebewiis sjen. De steaten Kalifornië en New York wolle dat amtners har faksinearje litte, en har oars geregeld op koroana teste litte. Nei alle gedachten sil presidint Biden oankundigje dat de miljoenen amtners fan de federale oerheid oantoane kinne moatte dat se faksinearre binne. As se dat net kinne, moatte se har geregeld teste litte, in mûlemasker drage en har oan strikte ôfstânsregels hâlde.

july 29, 2021 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.