Grins soarget foar minne koroanasifers Noard-Nederlân
Resint ferskynd

It saneamde R-getal foar Noard-Nederlân is op it stuit 1,98. Dat wol sizze dat it tal positive koroanabesmettings him yn in dei ferdûbelet. Dat wol net sizze dat koroana yn Fryslân, Drinte of sels it Grinzer plattelân wer hurd oanwint. It is benammen de stêd Grins dy’t in oplibbing fan it tal positive koroanatesten sjen lit.
Juster wiene der yn Grins 108 positive koroanatesten, wylst der hjoed al 228 minsken wiene by wa’t de sykte fêststeld is. Mei 254 besmettings yn Grinslân nimt de stêd dan ek 90 persint dêrfan foar syn rekken.
Yn de stêd Grins binne it ek net alle boargers dy’t soargje foar mear koroana. Dy binne wer foar de oergrutte mearderheid te finen by leden fan twa studinteferienings: Albertus en The Knickerbockers.
Wat ferlykbers is te sjen yn oare studintestêden yn Nederlân. Dêr wurdt nei it ôfskaffen fan de tichtplicht wakker feestfierd en dat makket dat jongelju de koroana faninoar skypje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje