Greidhoekekatedraal Lollum wer iepen

july 5, 2021 08:30

Op sneon en snein 10 en 11 july oansteande steane de doarren fan de Greidhoekekatedraal yn Lollum de hiele dei iepen foar elkenien. Nei de tichtplicht wol it bestjoer fan de stifting in feestlik startskot jaan oan in tiid dat de eardere Grifformearde tsjerke wer gewoan foar publyk iepen kin.

Greidhoekekatedraal Lollum (foto Wikimedia Commons/Romke Hoekstra – CC BY-SA 4.0)

Dat begjint op sneontemoarn om 10.00 oere (ynrin 9.30 oere) mei de offisjele iepening fan in útstalling fan skilderijen fan Jan van der Kuur. Van der Kuur hat jierren ûnderwizer west yn Lollum en Parregea, is no frijwilliger by it Skipfeartmuseum yn Snits en hat him de lêste jierren ûntjûn as keunstskilder. De skilderijen binne de hiele simmer te besjen; de tsjerke is yn prinsipe alle dagen iepen.

It wykein fan 10 en 11 july is der de hiele dei muzyk (fia ynternet of live), kofje en tee steane klear, en bestjoersleden fan de Stifting Greidhoekekatedraal binne oanwêzich om tekst en útlis te jaan oer de plannen mei de tsjerke: in unike kombinaasje fan behâld fan in monumint, mienskipsfunksje en bewenning en dêrmei in fersterking fan it doarpslibben yn Lollum en Waaksens.
It bestjoer wol ek fiere dat de Greidhoekekatedraal nei it driigjende fertutearzjen ferline jier, no wer toanber is en dat der sicht is op in nije bestimming. Al wie it yn koroanatiid net maklik, it bestjoer is fernijd, it is slagge om in € 20.000 oan donaasjes en ynkomsten op te heljen, en der binne tûzenen oeren oan frijwilligerswurk yn ’e tsjerke stutsen. Der is oansluting fûn by it netwurk Rustpunt.nu, de tsjerke is rolstoeltagonklik en it middelste part is klear foar gebrûk foar koaren en orkesten, groepen en keunstners.

It hiele wykein fan 10 en 11 july binne bestjoersleden en meiwurkers fan de Stifting Greidhoekekatedraal yn Lollum oanwêzich om gasten te ûntfangen en ynformaasje te jaan. Elkenien is tige wolkom.

july 5, 2021 08:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.