Gjin biofergêster yn Koatstertille, grûn kocht troch Stertil

july 21, 2021 09:04

De eardere boulokaasje fan de biofergêster oan de Westkern 6 yn Koatstertille is kocht troch it memmebedriuw fan Stertil BV. As ien fan de grutste ûndernimmingen yn de gemeente Achtkarspelen is Stertil al jierren oan de Westkern fêstige. It bedriuw produsearret dêr hefbrêgen en havenprodukten en is op it stuit oan it útwreidzjen.

Wethâlder Jouke Spoelstra (l.) en Ulbe Bijlsma, direkteur Stertil (foto: Gemeente Achtkarspelen)

Troch de grûnoankeap ûntstiet de mooglikheid ta fierdere takomstige útwreiding fan Stertil, jout direkteur Ulbe Bijlsma oan. De gemeente is bliid dat mei de oankeap sicht kommen is op it fierder ûntwikkeljen fan de bedriuwichheid en wurkgelegenheid op de Westkern. “Einliks kin it dossier biofergêster sletten wurde”, seit wethâlder Spoelstra.

Foarbyld fan in biofergêster (foto: Vortexrealm @ English Wikipedia – CC BY 3.0)

Rjochtsaak
Yn de ôfrûne jierren is der ferskate kearen in momint fan start bou fan de biofergêster oankundige troch de ûndernimmer, mar nea waard der yndie begûn. Yn 2018 waard de grûn oan Groengas Westkern Beheer BV ferkocht mei as ien fan de betingsten dat it projekt op syn lêst yn maaie 2020 realisearre wêze moast. Dy termyn is troch de gemeente ien kear ferlinge en yn in fêststellingsoerienkomst is it uterlike startmomint fan de bou op 1 novimber 2020 oerienkommen. Dy termyn is net helle.

De gemeente is dêrop yn desimber 2020 úteinset mei in weromkeapproseduere tsjin Groengas Westkern Beheer BV. De hypoteekjouwer fan Groengas hie ûnderwilens tariedingen makke foar in eksekutoriale ferkeap fan de grûn. Juridysk sjoen hat de hypoteekjouwer in preferinte posysje op de gemeente. Yntusken hat de rjochtbank ynstimd mei it bod dat Citadel Industrieel Divisie BV útbrocht hat. Sjoen dy ûntwikkeling wurdt de rjochtsaak tusken de gemeente en Groengas stilset.

Biofergêster Koatstertille
Yn 2010 is in fergunning ferliend foar it realisearjen fan in biofergêster op de Westkern. Fan 2013 ôf hat de gemeente yn petear west mei Universal Energy Solutions (UES). Dat hat yn oktober 2017 oanjûn it perseel Westkern 6 yn Koatstertille definityf te keapjen foar de bou fan in biofergêster dy’t grien gas produsearret. De notariële levering fan de grûn oan UES en Groengas Westkern Beheer BV wie yn maaie 2018. Letter is de grûn folslein yn eigendom fan Groengas Westkern Beheer BV kommen.

july 21, 2021 09:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.