Gemeente Noardeast-Fryslân stipet streektalen

july 16, 2021 08:57

Njonken it Frysk en it Nederlânsk wurde der yn de gemeente Noardeast-Fryslân ek in pear streektalen praat: it Dokkumersk en it Kollumersk (Stedfrysk). Dêrneist wurdt yn in oantal doarpen Súd-Lauwerslânsk praten. De ferskillende streektalen meitsje de gemeente unyk en dêrom stipet dy streektaalprojekten.

Wurkgroep Streektalen
De gemeente NEF wol kontinu de mooglikheden ûndersykje om neist it Frysk ek it Stedfrysk en it Súd-Lauwerslânsk te stypjen en te stimulearjen. Dêrta is in wurkgroep gearstald dy’t bestiet út fertsjintwurdigers fan belanghawwende organisaasjes en ynwenners mei ynteresse foar taal. Dy groep komt jierliks byinoar om projekten te betinken en te stypjen mei syn kennis en netwurk.

Stipe foar projekten
Neist de wurkgroep jout de gemeente ek subsydzje oan projekten dy’t oandacht jouwe oan de streektalen. Oanfragen foar sa’n projekt kinne dien wurde fia de webside fan de gemeente. Der is maksimaal € 750 it projekt beskikber oant de subsydzjepot leech is. Der binne al in stikmannich projekten start.

Keimpe de Krokodil giet op reis
Studinten fan it ROC Friesland College ha mei de Afûk in oanbod foar restauranten ûntwikkele, besteande út in placemat fol spultsjes en it meartalige lêsboekje Iis foar Eef foar de jongste gasten. Alderhande meartalige spultsjes op in placemat meitsje dat it wachtsjen op it iten moai wurk wurdt. It oanbod is yn it Frysk en yn it Dokkumers en fan by ferskate restauranten yn de gemeente te finen.

Grutte Earen   
Teatermakker Eline de Vries makket in foarstelling midden yn de streek dêr’t it Súd-Lauwerslânsk praat wurdt. Se hat as tarieding ynterviews mei bewenners fan de streek holden en sa kriget de streektaal in plak yn har foarstelling Grutte Earen. Grutte Earen spilet fan 23 o/m 25 july.

Oer de Streek
Streekdichter fan Noardeast-Fryslân Geart Tigchelaar fytste 14 dagen troch de gemeente om ynspiraasje op te dwaan foar in lang gedicht: ‘Ballade fan Noardeast’. De ynspiraasje komt foaral fan de ynwenners fan alle doarpen en de stêd Dokkum. Elkenien koe by Geart delkomme en op in soarte fan flipover op syn fytskarke opskriuwe wat hy/sy fynt dat yn it gedicht moat. Op freed 16 july om 14.00 oere komt er wer yn Dokkum oan.

july 16, 2021 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.