Gat yn dyk by Reeuwijk

july 26, 2021 09:44

Yn in dyk by Reeuwijk (Súd-Hollân) is moandeitemoarn betiid in gat ûntstien. Neffens in wurdfierder fan de Feilichheidsregio Hollands Midden wie it gat inkelde meters breed. Hja spruts fan in soarte fan skuor dêr’t wetter trochhinne streamde. Underwilens is it lek ûnder kontrôle.

Foto: morguefile.com

It gat siet yn ’e midden fan de dyk, tusken de Kerkweg en de Tempeldijk yn it Súd-Hollânske plak. Op bylden is te sjen dat in stikmannich greiden ûnderstrûpt binne. Neffens eachtsjûgen streamt der op it stuit gjin wetter mear de polder yn.

Lânbou- en grûnfersetbedriuwen binne dwaande om alles ticht te meitsjen. In stikmannich kij binne út it gebiet helle. Boeren waard frege om fee dat yn ’e buert rûn te ferweidzjen. Der is gjin skea oan omlizzende gebouwen of diken meld. Wol hat de dyk skea oprûn. Inkelde tsientallen meters fan de dyk binne fersakke. Hoe’t it gat ûntstien is, is noch net bekend. It wetterskip docht ûndersyk nei de oarsaak.

july 26, 2021 09:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.