FryslânDOK: ‘Beklimmers fan it flakke lân’ (werhelling alle 9 ôfleveringen)

july 8, 2021 06:57

FryslânDOK presintearret de podcast ‘Beklimmers fan it flakke lân’. Yn de simmer fan 2021 wurdt de TV-searje nochris útstjoerd troch NPO2 en Omrop Fryslân. De ‘Beklimmers’ skriuwe in nij ferhaal foar it plattelân. Oer minsken dy’t de kop boppe it meanfjild útstekke, foaropgeane en rjochting sykje.

Foto: Omrop Fryslân

Mei de searje ‘Beklimmers fan it flakke lân’ jout FryslânDOK romte oan nije inisjativen, faak lytsskalich en lokaal, basearre op grutte ideeën en idealen. Fan pluktunen oant technologyske ynnovaasjes, fan in ‘Blue Zone’ oant nije foarmen fan demokrasy. Alle njoggen ôfleveringen hawwe in eigen tema: perspektyf, natuer & lânskip, lânbou, sûnens, it doarp fan de takomst, jongeren, bestjoer, spiritualiteit en de Fryske kultuer. De plannen en ideeën komme fan wittenskippers en fan de plattelânsbewenners sels.

Optimisme
De FryslânDOK-searje is makke troch programmamakkers Bart Kingma en Albert Jensma. It kamerawurk is fan Jan Bensliman, en Bauke de Haan die de montaazje. Albert Jensma: “Ik wie frij pessimistysk oer de ûntwikkelingen op it plattelan. Troch it meitsjen fan dizze searje is dat feroare. We troffen minsken dy’t fol optimisme en enerzjy de wrâld ferbetterje wolle. Hjir, by ús, tsien kilometer fierderop! En wat opfalt – it binne allegear like fleurige minsken. Dat stekt oan. My teminsten wol.” Bart Kingma: “Prachtich om in ferbining te lizzen tusken grutte ideeën en de soms hiel lytse lokale inisjativen. Dat jout al dy wrotters, dy ienlingen, dy foaroprinners in kontekst, in gearhing. Fernijing is altyd in kombinaasje fan grut tinke en lyts begjinne.”

Podcast
FryslânDOK bringt by de Beklimmers-searje in podcast út dêr’t de belutsen wittenskippers wiidweidich yn ynterviewd wurde. Dy ‘Ferhalen fan it flakke lân’ wurde makke troch Bart Kingma en Karen Bies. Se binne te finen fia de bekende podcast-apps en op de webside fan Omrop Fryslân.

Werhelling op TV
Fan 10 july oant en mei 5 septimber stjoert FryslânDOK de njoggen ôfleveringen fan ‘Beklimmers fan it flakke lân’ nochris út. Alle sneonen by NPO2 en de sneins by Omrop Fryslân.

FryslânDOK ‘Beklimmers fan it flakke lân’ (9 dielen) fan 10 july o/m 5 septimber
Sneons op NPO2 om 15.30 oere (werhelling snein 13.10 oere)
Sneins op Omrop Fryslân om 17.00 oere (werhelling alle oeren)

july 8, 2021 06:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.