Fryske plaknammen NE-Fryslân wurde offisjeel, mei sân útsûnderings

july 9, 2021 12:12

De Fryske nammen fan de plakken yn de gemeente Noardeast-Fryslân krije yn 2023 de offisjele status. Dat betsjut dat de Nederlânske namme tenei as oersetting jildt. Dat hat de gemeenterie tongersdeitejûn besletten. Der binne lykwols sân útsûnderings.

Boerum, De Pomp, Muntsjesyl en Warfstermûne bliuwe yn de offisjele boeken stean as Burum, Kollumerpomp, Munnekezijl en Warfstermolen, omdat dat al earder ôfpraat wie. Yn dy doarpen wurdt fanâlds in protte Grinslânsk praat en der is minder ferlet fan in Frysk taalbelied.

Fierders bliuwe Ealsum, de Lytse Jouwer en Waaksens op fersyk fan de ynwenners ûnder de Nederlânske nammen Aalsum, Hiaure en Waaxens yn de boeken stean. Yn it lêste gefal giet it allinne om in staveringsferskil: de Nederlânske en Fryske namme klinke itselde. De ynwenners fan Ealsum wiisden derop dat der yn har doarp yn it Frysk ek Aalsum ek sein wurdt, de ynwenners fan de Lytse Jouwer wiisden derop dat Hiaure de Aldfryske namme is.

Noardeast-Fryslân is yn 2019 ûntstien út in fúzje fan de gemeenten Dongeradiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel. Dy gemeenten hiene ferskillend belied oangeande plaknammen. Yn Ferwerderadiel wiene de Fryske nammen offisjeel en stiene beide nammen op ‘e buorden. Yn Dongeradiel wiene de Nederlânske nammen offisjeel en de buorden ek twatalich. Yn Kollumerlân wiene de Nederlânske nammen offisjeel, wylst der sawol ientalige as twatalige buorden brûkt waarden. It doel is dat úteinlik allinne de offisjele namme op ‘e buorden stiet.

july 9, 2021 12:12
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma foar de Topografyske Wurkgroep Fryslân july 9, 14:30

    Yn ús briefkjen mei de gemeente hawwe wy oanjûn dat de plaknamme De Pomp of Kollumerpomp foar ús gjin haadsaak is. Beide binne Frysktalich.

    Kollum, Kollumerpomp en Kollumersweach foarmje in moaie kluster.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.