Frysk Film- en Audioargyf en Frysk Lânboumuseum presintearje har op ynternasjonaal kongres

july 8, 2021 07:14

It Frysk Film- en Audioargyf en it Frysk Lânboumuseum partisipearje op 23 july yn in kongres fan de AIMA: de ynternasjonale organisaasje fan agraryske musea. Dêr wurdt de European Rural History Film Association (ERHFA) presintearre: in projekt dêr’t ferskate Europeeske lânboumusea yn sjen litte wat se mei lânboufilms dogge en hoe’t se dy yn harren presintaasjes en op ynternet tapasse.

Hantsjemieren (foto: Frysk Film- en Audioargyf)

It Frysk Film- en Audioargyf en Frysk Lânboumuseum hawwe al in jiermannich in gearwurking om lânboufilms te trasearjen en te beskriuwen. Dat tsjinnet as foarbyld. “Wy rinne dêr yn Europaaardich mei foarop”, seit Syds Wiersma fan it Filmargyf. Mei de ynrjochting fan it nije Frysk Lânboumuseum yn 2018 besleat it museum om mear sjen te litten as allinnich harken en foarken. Njonken skilderijen sette it museum yn op ynteraktive media en film. “Faak is it dreech om yn in koarte tekst út te lizzen hoe’t in beskaat foarwerp lykas in harke of masine brûkt waard, in filmke fertelt folle mear”, jout direkteur Henk Dijkstra oan.

Meiwurkers fan it museum hawwe doe in winter lang mei minsken fan it argyf alle lânbourelatearre films besjoen, analysearre en beskreaun. “Foar ús in prachtige oplossing, want wy hawwe sokke spesifike kennis net ta ús foldwaan”, seit Syds Wiersma. Fragminten dêr’t beskaat reau of ark yn te sjen binne en dy’t yn ’e eksposysje fan it museum steane, wurde trasearre en beskreaun. Se foarmje no yn it museum in kombinaasje mei de toande objekten in perfekt gearspul. In foarbyld is in terskrôle: it reau dat brûkt waard foar it terskjen fan nôt en koalsied stiet yn it museum mei derboppe in filmke dêr’t it gebrûk yn ferdúdlike wurdt. Yn totaal hat it museum tsien fan sokke tapassingen.

Fanwege koroana is de konferinsje digitaal. It museum en it filmargyf hawwe in digitale presintaasje taret dy’t op freed 23 july sjen litten wurde sil op it kongres dat yn Reading (Feriene Keninkryk) holden wurdt.

Besjoch in film fan it bûtermeitsjen eartiids:

july 8, 2021 07:14
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lb july 8, 12:22

    Wakkere skoan! Hiel nijsgjirrich te sjen hoe’t doetiids molken waard en bûter makke. Ek hiel apart mei dy âlde stavering.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.