Frysk fee faai: minder meane laat ta opmars fan deadlike planten

july 31, 2021 13:08
Foto: Christian Fischer (CC BY-SA 3.0)

Rûnom yn Fryslân sjocht men langer Jabikskrúswoartels waaksen. De fleurige giele blomkes litte der neat fan skine dat de plant slim fergiftich is. Hynders, kij en bargen kinne dermei hinnegean as se de plant opfrette. Tiid foar aksje, is LTO Noard fan betinken.

Oerheden en boeren meane op ‘t heden lang safolle net mear as yn foarbye jierren, seit Jan Teade Kooistra fan LTO Noard. Sok ‘ekologysk meanen’ helpt planten en bisten dy’t yn ‘e knipe kommen binne te sitten. Kooistra seit: “Wij vinden de biodiversiteit belangrijk en willen ook dat planten groeien. Maar we willen niet dat de giftige planten groeien. Overheden moeten aan de slag met een intelligent maaibeleid: specifiek maaien op plekken waar veel jacobskruiskruid voorkomt.”

Jabikskrúswoartel wie net in faak foarkommende plant yn Fryslân, mar sied fan ‘e plant wurdt sûnt in jier as fyftjin opnommen yn blomrike mingsels en dy wurde by ‘t soad brûkt om bermen en tunen op te fleurjen. LTO Noard hat yn it ferline wiisd op ‘e gefaren en oerheden hawwe doe tasein om fersprieding fan ‘e Jabikskrúswoartel tsjin te gean. “De scherpte in de uitvoering van deze afspraken lijkt nu te verslappen”, docht LTO Noard te witten. Dat is fan dy gefolgen dat de plant rap wreidet.

july 31, 2021 13:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.