Frysk-Deenske partij SSW mei oan Dútske parlemintsferkiezings meidwaan

july 8, 2021 22:10

De partij SSW (Südschleswiger Wählerverband) mei meidwaan oan de ferkiezings foar de Bûnsdei, it Dútske parlemint, op 26 septimber. De SSW is in susterpartij fan de FNP en fertsjintwurdiget de Fryske en de Deenske minderheid yn it uterste noarden fan Dútslân.

Der binne mei-inoar tachtich partijen dy’t oan de Dútske ferkiezings meidwaan meie, mar de SSW is in bysûnderen ien, omdat de partij frijsteld is fan de ferplichting om op syn minst fiif persint fan de stimmen te heljen. Dy kiesdrompel soarget derfoar dat der net tefolle splinterpartijkes yn ‘e Dútske folksfertsjintwurdigings komme. Partijen dy’t lânseigen minderheden fertsjintwurdigje, wurde der lykwols fan frijsteld: as hja genôch stimmen krije foar in sit, dan meie hja dy ek ynnimme.

SSW-wurdfierder Per Dittich seit dat it mei oan de partij CDU (de CDA-susterpartij fan Angela Merkel) te tankjen is dat de SSW as fertsjintwurdiger fan de Fryske en Deenske minderheid erkend wurdt. Yn it ferline fersette dy partij him tsjin de bysûndere status fan de SSW, mar de partij is dêrop weromkommen.

 

july 8, 2021 22:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.