Frysk aventoer yn fakânsjeboek fan Nicolette van Dam en Bas Smit

july 10, 2021 08:30

Nicolette van Dam en Bas Smit lansearren ôfrûne tongersdei harren earste eigen fakânsjeboek Nederland heeft alles. By de feestlike presintaasje by Boekhannel Scheltema yn Amsterdam hawwe sy it earste eksimplaar oan Steatssekretaris Mona Keijzer oerlange. Merk Fryslân wie njonken de folgers fan Bas en Nicolette mei behelle by de organisaasje fan in mearsidich programma, dêr’t mar leafst fjirtjin siden fan it boek mei folle binne.

© Visit Friesland

Nederlân hat alles
It boek is it resultaat fan in ûntdekkingsreis fan it span troch Nederlân. Ofrûne jier koene we troch de koroana-omstannichheden net reizgje. Foar de famylje Smit-van Dam in reden om yn ’e simmer fan 2020 mei in boat fakânsje yn Nederlân te fieren. Dat wie sá ferrassend aardich dat se besleaten noch folle mear moaie plakjes yn Nederlân te ûntdekken. Fia harren Instagramakkounts @bassmit en @nicolettevandam1 koene folgers harren reisûnderfiningen meibelibje en dat levere in protte reaksjes op. Sa ûntstie it idee om it fakânsjeboek Nederland heeft alles te meitsjen, in boek foar elkenien dy’t Nederlân (wer) ûntdekke wol.

Fryslân hat alles
Smit en Van Dam binne in gearwurking mei it Nederlânsk Buro foar Toerisme (NBTC) en harren lokale marketingorganisaasjes (DMO) oangien, wêrûnder Merk Fryslân, dat by it gearstallen fan in nijsgjirrich reisprogramma foar Fryslân holp. Dêr is de alsidigens fan de provinsje yn te sjen op it mêd fan kultuer, natuer en duorsumens. De reis bestie út hichtepunten as abseilen fan de Boskberchtoer yn it Drintsk-Fryske Wâld, waadrinnen yn it wûndere Waadlânskip by Wierum, bôlebakken by Frou de Mûnder yn Wytmarsum, it besichtigjen fan de fonteinen yn Drylts en Harns en it ûntdekken fan Ljouwert. Tuskentroch geniete it span fan Frysk snobbersguod fan ferskate lokale ûndernimmers. Hja kamen ek yn ’e kunde mei de Fryske taal.

Boarne: Smit & Co Publishing

It boek Nederland heeft alles is no oeral te keap: online fia www.nederlandheeftalles.nl en www.bassmit.nl en by alle fêste boekferkeappunten. Dêrnjonken freegje Bas & Nicolette oan elkenien yn Nederlân dy’t fan ’t simmer yn eigen lân op fakânsje giet, om harren fakânsjetips te dielen fia it Instagramakkount @nederlandheeftalles, sadat se inoar ynspirearje kinne.

Oer Merk Fryslân
Merk Fryslân is de destinaasjemanagementorganisaasje fan de Provinsje Fryslân en wurket út in oerkoepeljende fyzje wei oan de toeristyske ûntjouwing, it posisjonearjen en fermerkjen fan Fryslân (Visit Friesland), it Waad (Visit Wadden) en de saaklike merk (Meet in Fryslân).

july 10, 2021 08:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.