Fracking blykt o sa by te dragen oan broeikaseffekt

july 2, 2021 13:24
Foto: Hans Reniers, Unsplash

It winnen fan oalje út stien – it saneamde fracking – blykt tige min foar it miljeu te wêzen. Dat is net allinne omdat der yn ‘e boaiem fergiftige stoffen lekke kinne, mar trochdat der in protte metaangas by frijkomt. Dat hat in broeikaswurking dy’t 34 kear sa sterk is as dy fan koaldiokside.

Dat is ûntdutsen troch ûndersyk fan in grutte groep wittenskippers út ferskate lannen, wêrûnder Nederlân. Hja binne mei satelliten neigien wêr’t metaangas frijkaam. It die bliken dat de oaljewinningsynstallaasjes de oarsaak wiene.

Benammen yn de Amerikaanske dielsteat Teksas soarget oaljewinning troch fracking foar in protte miljeuskea, sa skriuwe de ûndersikers. De metoade fracking hâldt yn dat stienlagen djip ûnder de grûn mei agressive stoffen en mei eksplosiven stikken makke wurde, sadat oalje en gas frijkomme. Dêr komt in protte metaangas by frij, dat by de winning ferbaarnd wurdt.

In ferslach fan it ûndersyk is ferskynd yn it tydskrift Science Advances. It is hjir te lêzen.

july 2, 2021 13:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.